Alve boetes útdield foar dumpen fan ôffal yn Ljouwert
De hanthavening yn Ljouwert hat 11 minsken in boete jûn foar it dumpen fan ôffal yn de Baljéestrjitte yn de stêd. Dêr waard moandei en tiisdei in soad ôffal dumpt, wylst de kontener net stikken wie. Se krije ek in boete omdat se ôffal út in oare gemeente dumpt ha.