Natuerorganisaasjes wolle dat EU nij lânboubelied fan tafel hellet

Tal fan natuerorganisaasjes, wêrûnder It Fryske Gea, ha in brief skreaun oan Eurokommissaris Frans Timmermans. Se wolle dat er it nije lânboubelied fan de Europeeske Uny fan tafel faget en mei belied komt dat yn line is mei syn eigen Green Deal. "Der is te min omtinken foar de ferduorsuming fan de lânbou", seit direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea.
© ANP
In grutte mearderheid yn it Europeesk Parlemint stimde twa wiken lyn yn mei in pakket foar nij Europeesk lânboubelied: nije regels en griener belied fan boeren. Lânbouminister Carola Schouten en lânbou-organisaasje LTO neamden it akkoart in goede stap. Mar der komt hieltyd mear krityk op de nije plannen. Earst al fan jongereinorganisaasjes, en no dus ek fan tal fan natuerorganisaasjes.

Teloarstelling

"De Green Deal joech ús hoop dat Europa in griene wei ynslaan soe, mar dêr kaam it GLB (Gemeenschappelijk landbouwbeleid, red.) oerhinne. We hiene ferwachte dat de Green Deal dêryn trochfertaald wurde soe, mar dat is op in teloarstelling útrûn", leit De Vries út. "We sjogge dat it foaral in wize is om de hjoeddeistige manier fan lânbou troch te setten en dat der te min omtinken is foar de ferduorsuming fan de lânbou."

Lânbou en natuer hân yn hân

De natuerorganisaasjes binne benaud dat der no hielendal neat feroarje sil. "Mei dit GLB kin de lânbou noch in oantal jierren op deselde wize trochgean. We hiene graach sjoen dat der folle mear oandacht wie foar grien en bioferskaat, want nearne is it bioferskaat sa hurd achterút gien as yn it agrarysk gebiet." Neffens De Vries binne de natuerorganisaasjes op syk nei in wize dêr't lânbou en it behâld fan de natuer hân yn hân gean kinne.
De Vries tinkt dat it ûnderdiel natuer fanwegen lobby efterbleaun is yn it belied. "De belangen binne grut. Mear bioferskaat giet ek net samar, dêr moat wat foar barre. Wat is der no makliker as sa trochgean as je wend binne? Ik tink dat dat derachter sit."

Dúdlik sinjaal

De natuerorganisaasjes hoopje mei de brief oan Eurokommissaris Timmermans dat it foarstel fan tafel helle wurdt. "It binne sokke yngewikkelde politike prosessen. As je allinnich al nei sa'n stimming sjogge, dan binne wy as natuerorganisaasje mar in lytse spiler", seit De Vries. "Dus oft wy dat feroarje, wit ik net. Mar it sinjaal moat dúdlik wêze: folle mear omtinken foar fergriening en bioferskaat yn ús agrarysk gebiet."
As it no net slagget om ynfloed út te oefenjen op de plannen, komt der pas oer fjouwer jier wer in kâns, as der in nij GLB foarme wurdt. "Hoe earder je dermei begjinne, hoe better. Op guon plakken stiet bepaalde soarten it sprekwurdlike wetter oan de lippen. Der moat echt wat barre. Dy fjouwer jier soe dan fiersten te lang wêze."
Henk de Vries fan It Fryske Gea