Brêge Follegea wurdt fernijd: 'Gjin reden ta panyk, mar der moat wol wat barre'

10 nov 2020 - 11:12

Hast sechstich jier âld is er en dus ta oan grut ûnderhâld: de brêge fan Follegea. De kommende trije dagen kin it autoferkear der net del. Dêrnei komt der in tydlik brêgedek foar auto's, foar fytsers leit der al in tydlike brêge. Yn de maitiid fan takom jier, op 'e tiid foar it nije farseizoen, moat it projekt hielendal klear wêze.

As der neat bart, kinne der problemen ûntstean, seit deputearre Avine Fokkens:

Avine Fokkens oer de brêge

Der wurdt in soad oan de brêge út 1961 dien, fertelt deputearre Avine Fokkens. "Ze zijn de komende maanden heel druk. Het wegdek van de brug is vermoeid geraakt, zo noemen ze dat. Het beweegbare deel gaat eruit en gaat naar een fabriek in Emmen. Daar wordt-ie opgeknapt en dan kan-ie over een paar maanden terug."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar mei deputearre Avine Fokkens

Neat dwaan wie gjin opsje, sa wit de deputearre. "Als we niets doen, kan het leiden tot een slecht wegdek of dat de brug gaat haperen. Het kan tot van alles leiden en dat moet je voor zijn. Daarom moet de brug op een gegeven moment gerenoveerd worden, zodat het verkeer over en onder de brug door kan gaan."

Beheining foar it farferkear

Tiisdeitemiddei giet it brêgediel derút, mar yn totaal duorret it projekt wol in pear moannen. Foar de fytsers is der lykwols no al in tydlike brêge delset, en ek it autoferkear kin oer in pear dagen wer oer it wetter. Yn febrewaris wurdt it nije diel fan de brêge pleatst. Dan is de brêge tolve dagen ticht en moat ferkear wol omride. Troch it wurk kin der oant heal april gjin farferkear fan heger as oardel meter del.

De brêge fan Follegea - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Der komt net in hielendal nije brêge yn Follegea, de besteande brêge wurdt fernijd. De 'val', it beweechbere diel fan de brêge, wurdt renovearre, der komt in nije dekplaat op. Marcel Nieuwendijk, de projektlieder fan de provinsje, fertelt dat der hierskuorkes yn it rydspoar fan de dekplaat sitte. "Die dekplaat was eigenlijk iets te dun, waardoor die door het zwaarder wordend verkeer was gaan scheuren. Geen paniek, maar er moest wel nodig iets aan gebeuren."

Krekter as eartiids

Neffens Nieuwenhuis is it hieltyd swierder en grutter wurdende ferkear diel fan de problemen foar de brêge, mar ek dat der no krekter sjoen wurdt nei de konstruksje. "Vroeger waren de rekenregels minder streng dan nu. Er werd vroeger ook minder rekening gehouden met de vermoeiing van het metaal, waardoor er scheurtjes kunnen ontstaan. Tegenwoordig zijn die normen veel strenger, daardoor wordt zo'n brugconstructie ook wat zwaarder uitgevoerd."

Duorsumens

Yn it ramt fan duorsum wurkjen, wurdt der net in hiele nije brêge delset. Nieuwenhuis: "De dekplaat in de rijweg wordt er uitgezaagd, het gat dat dan ontstaat, wordt weer opgevuld door een nieuwe, zwaardere dekplaat. De draaipunten worden ook vervangen, maar de hoofddraagconstructie blijft hetzelfde, daar gaan we niets aan veranderen. In het kader van circulair werken, duurzaamheid, hebben we besloten deze brug te renoveren in plaats van compleet te vervangen." It uterlik fan de brêge bliuwt dus itselde, sels oan de kleur feroaret neat.

De brêge is klear yn april of maaie takom jier. Neist dat it brêgedek ferfongen wurdt, giet de brêge ek oer op ôfstânsbetsjinning fan de betsjinningssintrale it Swettehûs.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar mei projektlieder Marcel Nieuwendijk

(Advertinsje)
(Advertinsje)