FNP: 'Mear wurk meitsje fan sichtberens Frysk'

10 nov 2020 - 10:27

De FNP wol dat de Provinsje Fryslân de Fryske gemeenten, it Wetterskip, supermerken, ynstellings en bedriuwen atkiver ynformearret en stimulearret om it Frysk sichtber te meitsjen. Ut in nij rapport 'Frysk yn de Ekonomy' docht bliken dat der genôch ferlet is. De partij tsjinnet dêr in moasje oer yn by de provinsjale begrutting foar kommend jier.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens de FNP binne der genôch besteande subsydzjeregelingen, oersetters en goede praktykfoarbylden om it Frysk mear del te setten yn de iepenbiere romte. Dat is ek in doel út it provinsjale bestjoersakkoart.

Dy mooglikheden binne lykwols net bekend genôch, sa fynt de partij.. Lykas de regeling 'Meiinoar foar it Frysk'. Dy is bedoeld om gemeenten en oare Fryske bestjoersorganen te helpen. Om harren taalbelied, mei rjochte op lokale bedriuwen, ynstellingen en ynwenners en op de lokale sichtberens fan it Frysk, út te fieren en dêrmei te foldwaan oan de betingsten fan de Wet gebrûk Fryske taal.

Tsjok waar

Tagelyk sitte in soad Fryske gemeenten op it stuit yn tsjok finansjeel waar, wêrtroch't it faak heakket op in pear tûzen euro foar de útfiering.

FNP-wurdfierder Sybren Posthumus: "Der binne genôch ambysjes, sjoch bygelyks de unanime moasje yn Noardeast-Fryslân foar Fryske plaknammen en tal fan bedriuwen en ynstellings dy't it Frysk en de streektalen brûke wolle by opskriften en oare uteringen."

Oanbefellings

Mei provinsjale stipe, sawol finansjeel as mei oare help of stimulâns kin der neffens Posthumus yn de regio hiel wat út de wei setten wurde. De FNP freget it kolleezje de oanbefellings út it rapport 'Frysk yn de ekonomy' mei te nimmen yn de útfiering.

Posthumus: "Wy wolle takom jier ynformearre wurde. It soe moai wêze as it jild dat yn 2020 oerbliuwt fan it Frysk taalbelied, en dat no werom falt yn de reserves, yn 2021 op 'e nij ynset wurde kin."

(Advertinsje)
(Advertinsje)