'Gjin itensbonnen foar prostituees sûnder wurk, mar minskweardige oplossing'

10 nov 2020 - 10:16

De gemeente Ljouwert moat him it lot oanlûke fan de prostituees op de Weaze yn de stêd. Dat fine de ChristenUnie en de PvdA yn de gemeenteried. De froulju kinne fanwege de nijste coronaregels net mear wurkje en misse sa ynkomsten.

De Weaze yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Se libje op it heden fan itensbonnen fan 15 euro yn 'e wike, dy't se krije fan it Reade Krús. ChristenUnie en PvdA fine it moai dat it Reade Krús de froulju helpt, mar fine ek dat de gemeente mei in minskweardige oplossing komme moat foar de koarte termyn.

Ek foar de lange termyn moat der in oplossing komme, sadat de prostituees net wer yn de problemen reitsje as der wer ris in krisis is. Omdat se net ynskreaun steane by de gemeente of de Keamer fan Keaphannel, ha se gjin rjocht op de TOZO-regeling of oare bystân. De moasje fan de partijen wurdt woansdei yn de gemeenteried behannele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)