FrieslandCampina skrast 1.000 banen, fakbûn is ferrast

10 nov 2020 - 10:35

Suvelkonsern FrieslandCampina skrast it kommende jier sa'n tûzen banen yn Nederlân, België en Dútslân. It bedriuw besiket it baneferlies safolle mooglik mei natuerlik ferrin te dwaan, mar twongen ûntslaggen slute se net út. FrieslandCampina skrast de banen om de kosten te ferleegjen.

FrieslandCampina skrast banen

It bedriuw hat dit jier mear omset draaid, mar is benaud dat de winst ûnder druk komt te stean troch de pandemy. Problemen dy't it bedriuw hat binne de ferkeap yn restaurants oer de wrâld, de fal fan ferskate munten, legere suvelprizen en de tichte grins tusken Sina en Hongkong.

Minder winst as foarich jier

Ofrûne simmer waard bekend dat de winst fan it suvelkonsern yn it earste healjier fan 2020 in stik leger útfallen is as yn deselde perioade ferline jier. Der is sa'n 37 prosint minder fertsjinne. De winst komt no út op 108 miljoen euro. Dit komt benammen troch it coronafirus. De konsumint hat dan wol mear molkeprodukten kocht, mar oare grutte Europeeske ôfnimmers fan tsiis, bûter en molkepoeier litte it bygelyks ôfwitte. Dat komt mei troch de eardere slutingen fan de hoareka.

100 miljoen euro minder kosten

Mei de maatregels hat FrieslandCampina sa'n 100 miljoen euro it jier minder kosten. Mei de besparringen wol it bedriuw ûnder oare in goede molkepriis betelje kinne oan de melkfeehâlders en ynvestearje yn de groei fan de ûndernimming.

Sadree't der mear bekend is oer de plannen, freget FrieslandCampina de ûndernimmingsrieden om advys en wurde de meiwurkers ynformearre.

Friesland Campina - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Foar fakbûn FNV komt de reorganisaasje ûnferwacht. "Ik had dit niet zien aankomen", seit FNV-bestjoerder Ron Vos dy't geregeld kontakt hat mei de ûndenimmingsried fan it konsern. Vos begrypt de yngreep wol. "Door de coronacrisis zijn we niet allemaal minder melk gaan drinken. Maar bij FrieslandCampina wordt het geld niet verdiend met pakken melk. Ze moeten het meer hebben van bijvoorbeeld babymelkpoeder en levering aan de horeca. Daar gaat het nu slechter mee."

FrieslandCampina is ien fan de grutste operearjende suvelkoöperaasjes fan de wrâld, foarme troch melkfeehâlders yn Nederlân, België en Dútslân. It bedriuw bestiet offisjeel sûnt desimber 2008, nei in fúzje fan Friesland Foods en Campina.

Fiif fêstigingen yn Fryslân

FrieslandCampina hat fêstigingen yn 36 lannen en biedt wurk oan sa'n 24.000 meiwurkers. Mear as in tredde dêrfan komt út Nederlân. Der steane fiif fêstigingen yn Fryslân.

Der binne 11.500 boerebedriuwen oansletten by FrieslandCampina. It tal melkfeehâlders is de ôfrûne fiif jier wol mei 15 prosint minder wurden. Yn 2015 joegen noch mear as 13.500 melkfeehâlders har molke oan it bedriuw. De priis dy't se foar de molke krije, skommelet tusken de 32 en 40 euro de 100 kilo molke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)