Kollum: "Al stjerre leafsten, leafde stjert net"

10 nov 2020 - 08:15

"Moarns by de kofje tikke de dei op it rút. Sa'n hjerstdei dy't seldsum moai wêze kin. In dei dêr't begripen as 'yntym' en 'ynmoedich' op fan tapassing binne. In dei as in âldere freon of freondin, dy't jo útnûget om derop út te gean. Sa'n útnûging wegerje jo fansels net. Boppedat sei Pyt ús ta dat it sintsje der middeis ek noch bykomme soe. Dus wie it in kwestje fan de rinskuon oan te lûken, in flaubyt mei te nimmen en noch ien kear te pisjen foar't men ôfstekt.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Trije kertier letter rûnen wy oer de heide en troch de bosk. Blakstil wie it. Waar sa sêft as side, deiljocht omfloerst as wie it ferlegen. Wy hâlden ta yn in skilderij fan Turner, in lânskip dêr't net in minske yn te bekennen wie. Dat barde pas op 'e ein fan ús kuier. Twa froulju kamen ús temjitte. Sa't it giet yn dizze tiid soargen wy foar genôch ôfstân mei't wy inoar foarby rûnen.

Doe bliek dat ien fan de beide froulju kunde wie. Wy hiene inoar ien kear earder moete, mar dat wie genôch om yndruk te meitsjen. It petear dat wy by dy gelegenheid hiene wie sawol noflik as mankelyk. Want útsein alle fleurige en ynspirearjende saken dêr't wy it oer hiene, gie it doe ek oer de sykte fan har partner. In oandwaning dêr't er net mear better fan wurde soe. Troch de wize wêrop't sy dêroer prate, de akseptaasje, it fertriet en de kleare leafde, taaste ús dat yn 'e siel. Sadwaande krige it deadsberjocht, dat in tal wiken letter kaam, in hiele oare diminsje.

En no stiene wy opnij foarinoar oer. Oankrûpe koe net. Dus trape ik yn myn ûnmacht yn de falle fan de obligate fraach: hoe giet it? Mar it sintsje dat Pyt ús tasein hie, bruts troch, en de oansprutsene fertelde yn alle earlikens wat har gefoelens wiene. Oer it gat dat oerbleau nei it ferlies. Hoe't se dêr op har eigen wize mei omgie. Ien fan dy manieren fan rou wie se op dat stuit mei dwaande. Om't sy en har man grutte natuerleafhawwers wiene, en krekt as ús der withoefaak op útgiene, brocht se no op plakken dêr't se geregeld kamen in bytsje jiske fan har partner. Alle kearen mei in oar lid fan de famylje.

De skjintme dêrfan taaste ús op 'e nij yn 'e siel. It learen om te gean mei de dea is net in kwestje fan dy dea in plak te jaan, mar in kwestje fan de leafde in plak te jaan. Om it gat dat oerbleau nei it ferlies mei leafde te foljen. Dat barde ús op dy seldsum moaie hjerstdei. In dei fan ynmoed en yntimens. In dei mei in moeting dy't dúdlik makke dat libje en rouwe in tear lykwicht fan beethâlde en loslitten is.

Doe't de froulju fuortrûnen om dy leafde te earjen en in plak te jaan, tocht ik oan in tekst fan Dylan Thomas, myn favorite dichter:

'Al stjerre leafsten, leafde stjert net

en dea hat gjin hearskippij.'"

(Advertinsje)
(Advertinsje)