Ien op de trije mantelsoargers mei wurk sit tsjin in burn-out oan

Hast ien op de trije mantelsoargers mei in baan sit tsjin in burn-out oan. In soad mantelsoargers komme yn 'e knipe mei har soarchtaken troch de coronakrisis. Dat meldt fakbûn CNV. It is dizze tiisdei de Dei fan de Mantelsoarch.
© ANP
It is in dei om wurdearring te jaan oan alle minsken dy't op frijwillige basis foar in famyljelid, freon of bygelyks buorfrou soargje. "Ien op de fjouwer minsken kombinearret wurk mei mantelsoarch", fertelt Sita Adema. Sy is fan it team mantelsoarch fan Amaryllis yn Ljouwert. "Dat is swier, dat is dreech."
Mantelsoargers binne de steunpylders ûnder it soarchsysteem.
Sita Adema fan it mantelsoarchteam fan Amaryllis
Troch mantelsoarch kinne minsken bygelyks noch selsstannich wenje, of krije se soarch dêr't profesjonele helpferlieners yn in ynstelling gjin of minder tiid foar hawwe. "Sy binne de steunpylders ûnder it soarchsysteem", seit Adema. "Al dy oeren dy't se mei leafde jouwe, dy't se belangeleas jouwe, dat is net út te drukken yn jild of wurdearring. Ien op de trije Nederlanners is mantelsoarger, we wolle se graach yn it sintsje sette."

Hieltyd mear dwaan

Faak begjint de mantelsoarch mei in pear lytse taken, mar stadichoan wreidet him dat út, fertelt Adema. "Dêr rinne in soad mantelsoargers tsjinoan. Rûgelest der fierder en fierder yn. Ast dan ris in wykeintsje fuort wolst, bygelyks, en it oerdrage moatst, dan sjochst pas watst allegear dochst. Dan blykt dat it net iens oer te dragen is."
Sita Adema fertelt wat Amaryllis dwaan kin foar de mantelsoargers dy't it tefolle wurdt
Troch de coronakrisis krije mantelsoargers ek mei in nije problematyk te krijen, fertelt CNV-foarsitter Piet Fortuin. "Deibestegingen dy't samar ticht binne, of regels dy't de soarchtaken dreger meitsje." Dat der safolle mantelsoargers tsjin in burn-out oan sitte, is reden ta soarch. "De wurkjende mantelsoargers foarmje in ûnderbeljochte groep dy't op it stuit de rêchbonke fan de mienskip is."
Ut it ûndersyk yn opdracht fan CNV blykt fierder dat ien op de tsien mantelsoargers him faker siik meldt as foar de coronakrisis. Ien op de fiif krijt minder begryp fan de wurkjouwer foar de mantelsoarchtaken en krijt ek minder tiid om dy taken út te fieren.