Liveblog | 10 novimber 2020

Coronanijs fan 10 novimber: 80 besmettingen en trije stjergefallen | Gjin regionale maatregels

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 11 novimber 2020, 06:49
23:00

Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog ôf. It belangrykste nijs fan dizze tiisdei noch op in rige:
Al it nijs oer it coronafirus is te finen op ús dossierside. Moarnier is der wer in nij liveblog!
21:27

RIVM siket dielnimmers Ynfeksjeradar

It RIVM siket nije dielnimmers foar de Ynfeksjeradar. Dat is in side dy't bedoeld is om te sjen yn hokker regio's en doelgroepen coronarelatearre klachten foarkomme, en dêrmei dus mooglik ek it coronafirus. Yn juny waard de webside lykwols noch út de loft helle om der in earnstich befeiligingslek wie. Susan van den Hof fertelde yn it radioprogramma Weistra op Wei oer de Ynfeksjeradar.
Susan van den Hof
20:17

Kabinet wol stipe foar minsken yn thúskarantêne

Minsken dy't posityf teste op it coronafirus en dêrom yn thúskarantêne moatte, soene dêrby finansjele stipe krije moatte. In mearderheid yn de Twadde Keamer sjocht wat yn dy oprop fan D66.
D66'er Steven van Weyenberg seit dat "quarantaine een van de belangrijkste middelen is om de verspreiding van het coronavirus de kop in te drukken". Hy wol dat it regear mei in plan komt "om mensen die positief zijn getest te ondersteunen door middel van bijvoorbeeld horecavouchers of boodschappenbonnen".
It saakkundigeteam OMT sei ôfrûne moanne al "om te onderzoeken hoe gedrag conform de samen vastgestelde regels beloond kan worden".
19:47

Utbraak Talma Hiem makket djippe yndruk op personiel

Achttjin bewenners mei corona, wêrfan't fiif it net helle hawwe. It wie in drama foar wensoarchsintrum Talma Hiem yn Balk, mar no liket it slimste oer te wêzen. Opluchting, mar tagelyk ek fertriet is wat op it stuit oerhearst. "Dit slaat hard in en het gaat nog een hele tijd duren voordat dit een plek heeft kunnen krijgen", seit direkteur John van Arnhem.
18:07

Fjoerwurkferbod

It kabinet wol noch foar de kommende jierwiksel in folslein fjoerwurkferbod. Freed sille se it deroer hawwe. In desastreuze situaasje foar grutte fjoerwurkhannelers. Gerrit Hoekstra sit mei 'Mega Vuurwerk' yn Ljouwert en is op fjoerwurkmêd in begryp yn Nederlân. Yn syn bunker stiet noch hiel wat fjoerwurk. Hoe sjocht hy nei de kommende tiid? Ferslachjouwer Willem de Vries wie by him del om dat út te finen.
Gerrit Hoekstra fan 'Mega Vuurwerk'
17:33

Tal soarchmeiwurkers mei corona boppe de 50.000

Mear as 50.000 minsken dy't yn soarch wurkje, hawwe it coronafirus oprûn. It firus is sûnt it begjin fan de útbraak fêststeld by 53.844 meiwurkers. Ferline wike stie de teller op 47.755. Dat betsjut dat it tal besmettingen ûnder soarchmeiwurkers mei 6.089 omheech gien is. It giet net allinnich om minsken dy't yn sikehuzen wurkje, mar ek om't bygelyks thússoargers en ferplegers. It is net bekend wêr't se besmet rekke binne.
In wike earder gie it tal posityf teste meiwurkers mei 6.859, fan 40.896 nei 47.755.
Yn de ôfrûne acht moannen waarden 637 soarchmeiwurkers yn in sikehûs opnaam, in tanimming fan santjin yn fergeliking mei ferline wike. Fan fyftjin minsken dy't yn de soarch wurkjen, is bekend dat se oan de besmetting stoarn binne. De jongste fan harren wie 40 jier âld, de âldste 69 jier.