Skuorren fernield by grutte brân Muntsjesyl

10 nov 2020 - 04:44

By in brân op in boerebedriuw oan de Olde Borchweg yn Muntsjesyl binne yn de nacht fan moandei op tiisdei meardere skuorren ferlern gien. It fjoer ûntstie om in oere as twa, wêrtroch is noch net dúdlik. Foar safier bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke, neffens de brânwacht wiene der ek gjin bisten yn de skuorren.

Ien fan de skuorren fan it bedriuw - Foto: De Vries Media

Doe't de brânwacht oankaam stie ien fan de skuorren by it bedriuw al folslein yn 'e brân, ek in twadde skuorre koe troch de brânwacht net behâlden wurde. Yn it bedriuw stie in soad djoer agrarysk materiaal. Wol slagge it it neistlizzende wenhûs te sparjen.

Foar it blussen binne meardere korpsen út Fryslân en Grinslân ynset, benammen om genôch bluswetter te hawwen. Fanwege it neiblussen bliuwt de Olde Borchweg foarearst ôfsletten.

Trefwurden: 
brân Muntsjesyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)