Leveransiers benaud foar yllegaal fjoerwurk út Dútslân nei ferbod

09 nov 2020 - 22:31

It kabinet wol fanwege de coronapandemy foar de kommende jierwiksel in folslein fjoerwurkferbod ha. Se dogge dat nei in oprop fan boargemasters en bestjoerders fan de feilichheidsregio's, dy't mei in tydlik ferbod de druk op de sikehûzen en helpferlieners net noch mear ferheegje wolle.

Henk de Vries fan de fjoerwurksaak yn Wolvegea - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Der reitsje alle jierren in soad minsken ferwûne troch fjoerwurk. Dat kinne sikehûzen dit jier noch minder brûke as oars. "Ik ha begryp foar it ferbod", seit Henk de Vries fan in fjoerwurksaak yn Wolvegea. "Ik kin my der wol yn fine. Corona hat hiel lang duorre, dêr moatte we fan ôf. Minsken ha har nocht." Mar De Vries is benaud dat it net in ferbod net in hiel soad helpt: "Yn Dútslân kinst noch wol knalfjoerwurk keapje. We sjogge dat in hiel soad minsken de grins oer geane."

Al in soad dien oan feilichheid

Boppedat hie de regearing dit jier al strangere regels fêststeld foar fjoerwurk. "De fjoerwurkbrânsj hat de ôfrûne jierren in hiel soad dien om it feiliger te meitsjen", seit De Vries. "Der binne guon dingen dy't we dit jier al net mear ferkeapje soene, dêr steane we ek achter. Dan giet it om knalfjoerwurk en fjoerpylken. Fierder leverje we fjoerwurkbrillen en dogge we der yn de winkel alles oan om de minsken foar te ljochtsjen."

Fjoerwurk - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Neffens De Vries komt de measte skea troch yllegaal fjoerwurk. "Hjir yn de buert is lêst ek wer in cobra yn in brievebus lein. Dy skea krijst net mei rotsjes."

In soad jild

Ekonomysk is it ek in strop foar De Vries. "It giet net allinnich om fjoerwurk dat je ynkeapje, mar we ha ek in soad fêste kosten. Sa moatte we alles sertifisearje litte en de opslach feilich meitsje. Dat kostet ek in soad jild."

It kabinet praat freed oer in stipepakket foar de fjoerwurksektor. Der soenen tsientallen miljoenen beskikber steld wurde. It beslút komt pas nei bûten as de stipemaatregels fierder útwurke binne.

Henk de Vries fan Elementum FX

(Advertinsje)
(Advertinsje)