Boargemaster Noardeast-Fryslân yn petear mei probleemjongerein

09 nov 2020 - 21:19

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân hat de ôfrûne wiken praat mei jongerein dy't foar oerlêst soarget yn Dokkum. Neffens Kramer giet it by de jongerein in stik fierder as baldadigens. "Ik besykje se út te lizzen dat it echt de ferkearde kant op giet as se sa fierder geane."

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

"Je sjogge it de lêste tiid yn Akkrum, yn Snits en Drachten, mar dus ek yn ús gemeente", fertelt Kramer. "Se binne somtiden tusken de 12 en 15 jier." De petearen fierde Kramer mei de jongerein, de âlders en de plysje.

Net de grutste yndruk

"Guon jongeren ha ek noch hielendal net troch wêr't se mei dwaande binne." Dochs moat Kramer ek tajaan dat syn komst net altyd de grutste yndruk makket. "It liket soms oft it mear effekt hat op de âlders as op de bern. De boargemaster komt del, de plysje komt del."

Ien fan de heiten sei: "Mar boargemaster, der is ek neat te dwaan foar dizze bern."

Kramer sjocht yn dat de gemeente sels ek wat dwaan moat

De gemeente moat sels ek wat dwaan, wit Kramer. "Ien fan de heiten sei: 'mar boargemaster, der is ek neat te dwaan foar dizze bern'. No hat ús gemeente in ryk ferieningslibben, mar we moatte dus ek ynvestearje yn it jeugdwurk, de foarsjennings en omstannichheden wêrtroch't ús jongerein echt wat te kiezen hat."

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hat ferline wike ynstimd mei it ynsetten fan in jeugdboa yn de gemeente.

Jongerein wekker skodzje

De boargemaster leaut ek net dat syn besite it probleem gelyk oplost, mar hopet wol dat it de jongerein in bytsje wekker skoddet: "Dit is wat fan de lange azem. Ik fertel se dat se in kar meitsje moatte, tusken de kriminaliteit en harren eigen takomst." Kramer hat in lang berjocht op syn Facebook dield oer it probleem.

Johannes Kramer oer wêr't er it mei de jeugd oer hân hat

(Advertinsje)
(Advertinsje)