'Krystbeammegekte' begjint earder as oars: "Minsken wolle gesellichheid"

Sinteklaas moat noch komme, mar by de krystbeammehannels stean de earste leafhawwers alwer yn de rige foar in moaie beam. Dit jier is der noch mear fraach as oars, en dat hat alles te krijen mei corona. "It is dit jier wol hiel útsûnderlik, hoefolle animo oft der is om in krystbeam te keapjen", seit Tineke fan Elzinga Kerstbomen.
© Pexels.com
Dit is it tolfde jier dat se by de saak yn Garyp de krystbeammen ferkeapje en de animo foar de beammen is altiten wer grut. Mar yn dizze coronatiid binne de beammen noch populêrder as oars, fernimt ek eigener Tineke.

Iepen dagen

Minsken kinne op iepen dagen in krystbeam reservearje. Fan 28 novimber ôf kinne se delkomme om in beam út te sykjen. Fanwege corona en om it publyk te sprieden komme der dit jier twa iepen dagen.
It ôfstân hâlden wie gjin probleem: "De minsken hawwe hjir de romte: it oardel meter hâlden giet hiel knap." Elzinga begrypt wol dat de lockdown derfoar soarget dat minsken hiel graach in moaie beam yn hús hawwe wolle. "Minsken sjogge dernei út om gesellichheid yn hús te hawwen."
Ferslachjouwer Willem de Vries by Elzinga Kerstbomen
Ek by de Praxis yn Ljouwert kaam moandei de earste lading binnen, út Dútslân wei. "Wy hawwe no in 80 beammen krigen, en we gean no nei de 5000", seit meiwurker Chris van der Zwaag. Hy en syn kollega's binne al twa wiken lang dwaande mei de tariedingen. Ofrûne wike gong de telefoan alle dagen. "Minsken wolle gesellichheid hawwe", seit Van der Zwaag. Ek hy sjocht dat de fraach nei de beammen dit jier earder as oars begjint. "Normaal hiene wy net al trije wiken lyn de telefoantsjes mei 'hawwe jimme se al stean'?", seit er. Mar ek hjir moatte se yn prinsipe oant 27 novimber wachtsje.

Tûzen beammen de dei

No't it aanst wer los giet, ferkeapet de bousaak sa'n tûzen beammen de dei, benammen nei Sinteklaas. Mar hoe sjocht dat derút yn tiden fan corona? "It is foar ús ek spannend wat der op ús ôfkomt", sizze se by de Praxis. By de boumerk hawwe se yn alle gefallen al rûtes oanlein, sadat se it winkelpublyk aanst yn banen liede kinne. Van der Zwaag: "It is efkes útsykjen, en miskien ad hoc in beslissing meitsje. Der meie net te folle de winkel yn; dêr moatte wy ús ek oan hâlde."
En ek by de Praxis hawwe se it drok mei krystbeammen: ferslachjouwer Willem de Vries yn petear