Pieter Weening wol oanfalle

17 jul 2012 - 16:28

Hurdfytser Pieter Weening hopet dat hy yn de kommende dagen yn de Tour de France noch wat sjen litte kin. De Harrekyt hat hjoed op de rêstdei noch in pear oeren op de fyts sitten om mar yn beweging te bliuwen. Nei de lêste berchetappes yn de Pyreneeën is it de bedoeling dat sprinter Matthew Goss nochris yn stelling brocht wurdt. Want sûnder in etappe-oerwinning wol Orica GreenEdge, de ploech fan Pieter, de Tour net ferlitte.

Pieter Weening hat al ferskillende kearen yn de oanfal west, mar dat smiet noch gjin súkses op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)