Fêstgoedûndernimmer Bulten: "Procedure verkoop gemeentehuis in Kollum moet opnieuw"

09 nov 2020 - 18:14

Fêstgoedûndernimmer Wim Bulten snapt hielendal neat fan de gemeente Noardeast-Fryslân. It bedriuw Fotocadeau.nl kaam oardel wike lyn as winner út de bus foar de ferkeap fan it gemeentehûs yn Kollum. Bulten fynt dat de proseduere om de ferkeap fan it eardere gemeentehûs hinne opnij moat.

Foto: RTVNOF, Auke Wietze Bosma

De proseduere foar de tawizing wie neffens Bulten in 'lachertje'. Neffens him stie fan tefoaren al fêst dat de gunning tabedield wurde soe oan Fotocadeau.nl. En dat wylst syn bedriuw neffens eigen sizzen mei it heechste bod en in goed foarstel kaam.

"De persoon die ons het pand toonde liet ons in woord en gebaar eigenlijk wel merken dat het vooraf een kansloze missie was. Dat vond ik op zich al bijzonder", seit Bulten.

"Ook de videocall met betrekking tot de gunning ging heel vreemd. Het leek erop alsof men blij was dat ons verhaal was afgerond. En dat ze weer door konden met Fotocadeau. Ik zit 27 jaar in het vak en heb heel wat panden aangekocht. Dit heb ik nog nooit meegemaakt en ik vind dit ook eigenlijk not done."

Juridyske stappen

Bulten hat no syn jurist oan it wurk set, want hy leit him der net by del. It doel is dat de ferkeapproseduere opnij moat. "Ik neem aan dat de gemeenteraad hierin ook haar verantwoordelijkheid neemt. Als ze dat niet doen, durf ik wel te zeggen dat ze niet capabel zijn", sa seit de ûndernimmer út Grins.

De gemeente Noardeast-Fryslân is moandei om in reaksje frege op it ferhaal fan de fêstgoedûndernimmer, mar hat noch net reagearre.

Bulten yn petear mei RTV NOF:

(Advertinsje)
(Advertinsje)