F-35 makket oanmerklik mear lûd as F-16; soargen oer gehoarskea by bern

10 nov 2020 - 04:15

De F-35 makket oanmerklik mear lûd as de F-16, de lûdspyk duorret langer en de F-35 makket in mear 'leechfrekwint' lûd. Dat binne de befiningen fan de ûnôfhinklike auditkommisje, dat ûndersyk dien hat nei lûdsoerlêst fan de fleantugen fan de Ljouwerter fleanbasis.

In F-35 op de Ljouwerter fleanbasis - Foto: ANP

De mjitpunten yn Marsum en Jelsum toane oan dat de F-35 yn trochsneed 10 desibel mear lûd makket. Dat ferskil is grutter as wat bewenners op basis fan it proeffleanen yn 2016 ferwachte hiene.

Hurde konklúzjes kinne noch net lutsen wurde, seit de kommisje, ûnder oare omdat it tal flechten mei de F-35 noch beheind is.

Op oare wize lânje

De auditkommisje hat de befiningen dield mei de basiskommandant. Se ha it deroar hân om it lûdsnivo fan de F-35 te beheinen, bygelyks om op in oare wize te lânjen. Dat kin minder lûd feroarsaakje.

Steatssekretaris Barbara Visser jout de auditkommisje de gelegenheid om mei foarstellen te kommen om it lûdsoerlêst te behienen. Dat wol de kommisje dwaan, sizze se: "De omwonenden kunnen rekenen op onze inzet, maar we vragen daarbij wel geduld."

Soargen oer gehoarskea by bern

De auditkommisje hat soargen oer it lûd dat benammen bern ûnderfine op de fytspaden by de basis del. "We hebben geluidspieken tussen de 110 dB(A) en 120 dB(A) gezien, die directe gehoorschade zouden kunnen geven", skriuwt de kommisje yn it ferslach. Yn oerlis mei it Pento Audiologisch Centrum yn Ljouwert tinkt de kommisje nei oer in advys oan de steatssekretaris, mar ek dat kostet tiid.

1.005 klachten

Yn 2019 wiene der yn totaal 539 klachten oer lûdsoerlêst, dit jier wiene it oant 1 septimber 1.005. Sechstich prosint fan dy klachen komt fan fiif minsken.

"Dy minsken hawwe ek struktureel lêst", seit Geert Verf fan it doarpsbelang yn Marsum. "Dêr kinst net fan sizze 'dêr dogge we neat mei'". Neffens Verf binne der ek genôch minsken dy't net kleie, mar wol lêst hawwe. "Kinst fan alles betinke, troch corona binne der ek mear minsken thús, dus hawwe mear minsken lêst. It is gewoan sa dat der mear klachten binnenkaam binne."

Omwenners ha klachten oer it lûd fan de F-35:

F35

(Advertinsje)
(Advertinsje)