"As FC Utrecht Henk de Jong hellet, dan helje se in suksestrainer"

09 nov 2020 - 16:43

It wie foar de beide Fryske betellefuotbalklups net sa'n suksesfol wykein: Jong Ajax en AZ namen yn totaal seis punten mei yn de bus nei Noard-Hollân. SC Hearrenfean wie kânsleas tsjin in goed fuotbaljend AZ en SC Cambuur miste kâns op kâns, wêrtroch't Jong Ajax mei de oerwinning nei hûs gie. We prate deroer yn de nije SportCast en ek giet it oer Joey Veerman en Jong Oranje, Henk de Jong en FC Utrecht en ja, alwer: handsballen.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

No't John van den Brom nei RC Genk giet, moat FC Utrecht op syk nei in nije trainer. Dêrby falt sa út en troch ek de namme fan Henk de Jong, sa as snein yn it NOS-programma Studio Voetbal. Ald-fuotballer Pierre van Hooijdonk neamde de namme fan De Jong. Dêr sille se yn Ljouwert net sa bliid mei wêze, tinkt Geert van Tuinen. "Dat mei ik net hoopje foar Cambuur!"

Oare nammen dy't neamd wurde, binne dy fan Wim Jonk en Mark van Bommel. Andor Faber tinkt dat FC Utrecht ek earder foar sa'n trainer giet as foar De Jong. "Ik tink dat Utrecht foar in grutte namme giet, dus earder Van Bommel as Jonk. Dy wolle mei bravoer de top oanfalle."

De Jong hat net de namme

Nammen binne wichtiger as wat trainers kinne, sjocht Geert van Tuinen. "It is ien grutte 'mannetjesmakerij'. Je moatte gewoan sjen nei wa't in goeie trainer is en dan komt Henk de Jong miskien wol as earste oan 'e beurt. As FC Utrecht Henk de Jong hellet, dan helje se in suksestrainer. Mar Henk hat net it ferline as Van Bommel of Jonk. Ik hoopje foar Cambuur dat se it net dogge."

Wietse Dijkstra is Cambuur-fan en wurket foar it Algemeen Dagblad. Hy bellet yn: "Ik heb de naam bij ons nog niet gelezen. Ik denk wel dat het type trainer van Henk prima bij Utrecht zou passen."

Veerman net yn Jong Oranje

Oer de nederlaach fan SC Hearrenfean tsjin AZ binne Arjen de Boer, Andor Faber en Geert van Tuinen gau útpraat. Dat binne se net as it giet oer Joey Veerman, dy't net oproppen is foar Jong Oranje. Geert van Tuinen: "Ik wie der wol troch ferrast. Ik hie tocht dat er by de seleksje sitte soe. Hy is wykliks dé útblinker by SC Hearrenfean, hoe kinst dêr omhinne? Ik fyn it frjemd."

Neffens Andor Faber moat Veerman bliid wêze dat er net nei Jong Oranje hoecht. "Sjoch ris wat der de foarige kear bard is mei Jong Oranje. Dy hiele seleksje hat corona hân. Boadu, Teze, Gakpo, bûnscoach Van de Looi sels. It is in 'brandhaard' foar coronabesmettings. Dat nimme je wer mei nei je klup, dat moatte je net wolle."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)