Partijen Eaststellingwerf wolle legere leezjes foar duorsum bouwen

09 nov 2020 - 16:05

De riedsfraksjes fan D66 en GrienLinks yn Eaststellingwerf wolle dat de bouleezjes foar de duorsume bou yn de gemeente oanpast wurde. Fan 2022 ôf soe der in apart leech taryf komme moatte, om it duorsum bouwen te stimulearjen.

Foto: Shutterstock

Eaststellingwerf hantearret no twa tariven: foar yndividuele bou en foar de bou fan in kompleks. Hjir moat neffens beide partijen dus noch in tredde taryf by. Ek soene de tariven op ferskate ûnderdielen mear lyk lutsen wurde moatte.

"Een inwoner van onze gemeente betaalt in bouwleges nu even veel voor traditioneel bouwen als voor duurzaam bouwen. Dat moet anders", fine D66 en GrienLinks.

De partijen tsjinje dêrom fan 'e maitiid in mienskiplike moasje yn. Foar de begrutting fan 2021 is it te let, want dy wurdt tiisdei al bepraat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)