RIVM meldt yn Fryslân leechste tal besmettingen sûnt 4 oktober

Der binne de ôfrûne 24 oeren 73 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat is it leechste tal sûnt 4 oktober. Dy dei melde it RIVM der 64. Al sûnt ôfrûne woansdei sit it tal besmettingen yn Fryslân tusken de 70 en 90.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Foar it earst yn lange tiid binne Súdwest-Fryslân en Ljouwert net de twa gemeenten dy't yn ien etmiel de measte besmettingen melde. Dat binne no Smellingerlân en De Fryske Marren, elk mei 10. Ljouwert meldt 9, Súdwest-Fryslân 7.
Der wurde gjin nije sikehûsopnamen en stjergefallen meld yn ús provinsje.

Lanlik delgong

Lanlik rint it deistige tal besmettingen wer hurd werom. It binne der 4.709 yn 24 oeren, dat binne 987 minder as de 24 oeren dêrfoar. Sûnt ferline wike moandei wie der alle dagen in delgong fan it tal nije gefallen, útsein freed.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.