50-plus stipet sc Hearrenfean

Alderepartij 50-plus fan listlûker Henk Krol is tsjin de maatregel om 16 persint krisisbelesting te heffen yn de fuotballerij. Foar elk dy't 150.000 euro of mear fertsjinnet, soe de wurkjouwer ien kear dy belesting betelje moatte, stiet yn it maitiidsakkoart. Fierder soene de plysjekosten trochberekkene wurde moatte oan de klups.
De krisisheffing en de plysjekosten soene Hearrenfean oardel miljoen euro kostje. Listlûker Krol en senator Nagel dy't tiisdei op besite wiene by It Fean, fine dat ûnridlik en wolle de plannen weromdraaie.
Finansjeel manager Danny Steenstra fan Hearrenfean is bliid mei it omtinken fan 50-plus foar de gefolgen fan de krisisheffing foar it fuotbaljen.