Mishannele asylsykster út azc yn Sint-Anne krijt twadde kâns fan IND
De mishannele asylsykster út it azc yn Sint-Anne, dy't útset driget te wurden, mei nochris har ferhaal dwaan oan de IND. Dat meldt foarsitter Sandro Kortekaas fan Stichting LGBT Asylum Support, dy't de Nigeriaanske lesbyske frou stipet. De stichting stjoerde moandeitemoarn in brânbrief nei steatssekretaris Ankie Broekers-Knol en de Twadde Keamer om de útsetting tsjin te hâlden.
Troch de brânbrief en de druk op de IND giet in plande rjochtsitting oer de útsetting fan de frou takom wike net troch, seit Kortekaas. "Happy (de namme fan de frou, red.) wordt opnieuw gehoord door de IND, maar nu samen met haar vriendin. En dat is heel bijzonder."
De frou soe gjin ferbliuwsfergunning krije, omdat de IND har ferklearringen oer wêrom't se út Nigeria wei flechte net oertsjûgjend fûn. Happy is lesbysk en dat is yn Nigeria by de wet ferbean. As se weromgiet, kin se ferfolge wurde of sels de deastraf krije.
Kortekaas fynt it te bizar foar wurden dat de IND de asyloanfraach ôfwiisde. "Dit is iets wat we in Nederland niet willen hebben. Dat je hier komt voor je veiligheid en dat je in het azc wordt overgoten met kokend water, omdat je toevallig lesbisch bent. En dan vervolgens een IND die maar volhoudt dat ze waarschijnlijk niet lesbisch is. Dan denk ik, hoe kan dit?"
Kortekaas is dan ek tige bliid mei de nije ûntwikkeling. "Wat er nu gebeurt in een halve dag is heel goed nieuws. Maar we zijn er nog niet."
Homo-belange-organisaasje COC makket him soargen oer de kânsen fan de Nigeriaanske asylsykster Happy om dochs in ferbliuwsfergunning te krijen. "Ik ben niet erg hoopvol. Het is altijd een wonder voor mij als het toch lukt", seit direkteur Cees van Baalen fan COC Friesland.
"Let wel, dan krijg je een papiertje dat je vijf jaar lang toegang hebt, en ik vraag me dan altijd af wat er na die vijf jaar gebeurt. Of die hele handel dan weer moet", seit Van Balen.