Nije boat foar Holland Acht
De roeiers fan de Holland Acht, mei ûnder har ek Sjoerd Hamburger, ha 14 dagen foar it begjin fan de Olympyske Spelen noch fan boat wiksele. De Nederlânske ploech wie net hielendal tefreden oer it skip, dat se begjin maaie spesjaal foar de Spelen krigen. It nije skip komt fan itselde fabryk yn Dútslân dy't ek it oarspronklike model makke hat.