Mei in camper op 'en paad om dakleazen op corona te testen

09 nov 2020 - 12:35

Dakleazen en minsken dy't yn earmoede libje kinne fan moandei ôf fergees test wurde by de CoronaCamper. It bedriuw rydt mei in camper troch de noardlike provinsjes en docht benammen tests by kommersjele bedriuwen. Mei it jild dat dêrmei ophelle wurdt, wurde de oare tests finansiere.

Foto: CoronaCamper

"Ik werd benaderd door een zorgbedrijf, dat wilde dak- en thuislozen gaan testen. Daar bleek geen geld voor beschikbaar, toen hebben we een andere route bedacht", fertelt inisjatyfnimmer Rob Mulder. "Het commercieel testen van bedrijven, met de opbrengst daarvan testen we mensen bij voedselbanken en dak- en thuislozenopvang."

Minsken dy't de holle hast net boppe wetter hâlde kinne of sels op strjitte wenje, binne fierstente drok mei oerlibjen om harren soargen te meitsjen oer in coronatest. Mei de CoronaCamper hopet Mulder dat in soad minsken dy't oars ûnder de radar ferdwine, no wol fûn en test wurde kinne. "We hebben contact gezocht met bijvoorbeeld voedselbank Groningen. Daar gaan we op een vast moment staan, dan kunnen zowel de vrijwilligers als de klanten zich daar laten testen."

Rob Mulder

It giet neffens Mulder om in grutte groep. "We weten in Nederland dat het om zo'n 120.000 mensen gaat die bij een voedselbank lopen of op straat leven. Mensen op straat aanspreken is lastig, daarvoor zoeken we contact met daklozenopvang."

De tests dy't brûkt wurde by de CoronaCamper binne sertifisearre troch it RIVM en wurde ôfnaam troch kwalifisearre personiel. Mulder hopet dat ek Fryske ynstânsjes harren melde by de CoronaCamper om ek by harren testen útfiere te litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)