Fryske útfining makket hûzen yn Grinslân ierdbevingsbestindich

09 nov 2020 - 12:10

Houtskeletboubedriuw Van der Meer Prefab út Droegeham sil mei boubedriuw Groenewold tsien ierdbevingsbestindige hûzen bouwe yn it Grinzer Hoogezand-Sappemeer. Dizze houten hûzen ha in fearsysteem oan de bûtenkant fan de wenning. It is in nije útfining, dy't betocht is troch Fred Wiersum, âld-eigener fan it yngenieursbedriuw W2N út Drachten.

Fryske útfining foar ierdbevingsbestindich hûs

Fred Wiersum is yntusken mei pensjoen, mar kaam op it idee nei in priisfraach fan de NAM, de Nederlandse Aardolie Maatschappij. Dy hat in soad te krijen mei fersakke hûzen yn Grinslân as gefolch fan ierdbevingsskea. De NAM die in oprop om in systeem te betinken dat dizze fersakkingen foarkomme kin.

Enerzjy opnimme

De oplossing dy't Wiersum betocht hat, is om in fearsysteem oan te bringen oan de bûtenkant fan de wenning. Dit systeem nimt de enerzjy fan in ierdbeving oer. Dêrtroch rint it hûs gjin skea op en stoart net yn, sa't wol bart by gebouwen fan stien of beton. Neffens Wiersum is it grutste foardiel fan dit systeem dat it relatyf goedkeap is en maklik ta te passen is.

Betinker Fred Wiersum

It fearsysteem is spesifyk betocht foar houten hûzen en wurdt foar it earst tapast troch houtskeletboubedriuw Van der Meer Prefab út Droegeham. Ierdbevingsbestindich bouwe is foar dit bedriuw net nij. "Mar oant no ta wie it faak in hiele toer om dit foar elkoar te krijen", seit Foppe Land, ien fan de fennoaten fan it bedriuw. "Faak moasten we tsjin hege kosten ekstra lagen oanbringe yn de hûzen. Mei dit systeem is alles folle ienfâldiger en goedkeaper."

Foppe Land fan boubedriuw Van der Meer Prefab

De ienfâld fan it fearsysteem en de lege kosten binne foar boubedriuw Groenewold wichtige redenen om dit systeem ta te passen by harren hûzeprojekt yn Hoogezand Sappemeer. Renate Groenewold, ien fan de eigeners fan it bedriuw, is mar wat wiis mei de útfining fan Fred Wiersum. "Het unieke concept lijkt simpel, maar het werkt wel. De bouwkosten stijgen de pan uit, dit is een innovatieve manier om op goedkope wijze woningen aardbevingsbestendig te maken. Bewoners zijn allemaal enthousiast."

Renate Groenewold fan boubedriuw Groenewold

(Advertinsje)
(Advertinsje)