Feestje foar de doar: dj AllthaFokk komt graach by dy lâns

09 nov 2020 - 11:16

Gjin tintefeesten, draaie yn diskoteken of optredens op lokaasje: de aginda fan dj Almer Fokkema is leech. Dêrom hat er no in nijsgjirrich alternatyf optreden betocht: it feestje by de foardoar. Dj AllThaFokk, sa't er himsels neamt, komt by dy thús mei syn mobile diskoteek. "It feest moat ek yn dizze tiden wol trochgean!"

Foto: All Tha Fokk

Almer jout by elkenien dy't dat wol in foardoar-feestje. Dat is in feestje fan sa'n 20 minuten. "Ik bin dj en dit is de iennige manier om noch te draaien. As de minsken net nei my takomme kinne, dan kom ik by de minsken." Almer is in bekende dj. Sa draaide er ûnder oare yn it foarprogramma fan Guus Meeuwis yn Australië. "Ast hearst dat alles ticht moat, dan falt alles fuort. Dat is net te beskriuwen. Ik bin posityf ynsteld, der moat dochs in wize wêze dat wy dochs noch feest fiere kinne."

Partymobyl

Almer hat in limûsine kocht en hielendal omboud ta mobile diskoteek. "Ik ha in pear lûdsboksen op it dak stean. Yn de auto sit in draaitafel. De auto hat boppedat opfallende kleuren. Hy sjocht derút as in echte partymobyl. Ik kin it dak iepenskowe, sadat it dak der echt ôfgiet as ik lânskom. It is gelyk feest!"

Krystpakketten bringe

Almer draait mar 20 minuten, sadat net elkenien nei bûtenkomt en byelkoar stiet. "Dat wolle wy foarkomme, mar it elkenien syn eigen ferantwurdlikheid. Oant no ta giet it hartstikke bêst. Elkenien hâldt him oan de regels." Mei de krystdagen komt der in spesjale krystedysje. "Ik bring de krystpakketten bydel by minsken dy't thúswurkje."

DJ Almer Fokkema

(Advertinsje)
(Advertinsje)