Mishannele lesbyske asylsykster út azc Sint-Anne wurdt mooglik útset

De asylsykster út Sint-Anne dy't begjin augustus mei siedend wetter oergetten waard, moat mooglik werom nei Nigeria. De frou krijt gjin ferbliuwsfergunning, omdat de IND har ferklearringen oer wêrom't se dêrwei flechte is net oertsjûgjend fynt.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
De frou is lesbysk en homoseksualiteit is ferbean yn Nigeria. Har seksuele foarkar wie ek de oanlieding foar de mishanneling mei siedend wetter. Se wie op besite by har freondin yn it asylsikerssintrum fan Gilze. Der ûntstie spul mei in oar Nigeriaansk stel. Se woene de frou út Gilze oanfalle mei siedend wetter, mar har freondinne út Fryslân sprong dertusken en rûn slimme brânwûnen op.
De aksjegroep Stichting LGBT Asylum Support, dy't de frou út it azc yn Sint-Anne stipet, hat in brânbrief nei de steatssekretaris en de Twadde Keamer stjoerd om de útsetting tsjin te hâlden.

Net rjochtmittich

"Homoseksualiteit is bij wet verboden in Nigeria en LHBTI worden vaak slachtoffer van gruwelijk geweld", leit foarsitter Sandro Kortekaas fan de stichting út. Neffens de stichting is de wurkwize dy't de IND sûnt 2018 hantearret net rjochtmittich tapast by de behanneling fan de asyloanfraach fan de frou.
Neist it tsjinhâlden fan de útsetting wol de stichting ek dat der ekstern ûndersyk dien wurdt nei alle ôfwizingen fan asyloanfragen troch de IND fan LHBTI-asylsikers sûnt 2018.

"Opstelling IND bizar"

Sydney Smeets út Amsterdam is advokaat fan de frou yn it strafproses tsjin it stel dat fertocht wurdt fan de mishanneling. Smeets neamt de opstelling fan de IND bizar.
"Ik snap niet dat de IND geen rekening houdt met de gevolgen die de seksuele geaardheid voor haar heeft", seit de advokaat. "Ze is gevlucht omdat in Nigeria daarop de doodstraf staat. En dan wordt ze hier in Nederland nog eens door Nigeriaanse landgenoten mishandeld, ook vanwege die geaardheid. Hoeveel bewijs wil je nog hebben dat ze gevaar loopt als ze terug moet naar Nigeria?"

Westersk

Smeets tinkt dat de beslissing fan de IND te krijen hat mei de wize fan ûnderfreegjen. "Die is Westers georiënteerd. Zo van: ga je wel eens naar de Gay Pride, terwijl die er helemaal niet is in Nigeria, Bovendien is het zo dat je in Nigeria je homoseksualiteit geheimhoudt, anders kost het je je leven."
Dat is ek ien fan de redenen wêrom't it foar asylsikers dreech wêze kin om der hjir frijút oer te praten. Smeets: "Je deelt het met niemand, je vertrouwt niemand. En dan moet je opeens hier in Nederland je verhaal delen met een ambtenaar van de IND. Dat gaat niet zomaar. Het gesprek verloopt via een tolk die je ook nog eens in vertrouwen moet nemen."
Advokaat Sydney Smeets oer de saak