Soad falliseminten ferwachte

17 jul 2012 - 12:39

De kommende tiid sille der in soad feilingen komme fan fallite boubedriuwen. Dy ferwachting hat direkteur Jeroen Bolweg fan Troostwijk Auctions. Dy online feilingsite hat moandei de ynboel fan boubedriuw Noppert feild en is no dwaande om al it guod fan it bedriuw Ruiter Dakkapellen út Drachten te ferkeapjen. De feiling fan dat bedriuw rint oant freed.

Fanwege de krisis yn de bou gean in soad bedriuwen fallyt en Bolweg ferwachtet dat 2012 in rekôrjier wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)