Noard-Nederlân set yn op keunstmjittige yntelliginsje

Noard-Nederlân krijt in saneamde Artificial Intelligence-hub. Dizze nije organisaasje moat de kennis oer keunstmjittige yntelliginsje fergrutsje foar organisaasjes en bedriuwen yn it noarden.
© ANP Foto
Ien fan de ambysjes fan Nederlân is om wrâldwiid foarop te rinnen op it mêd fan keunstmjittige yntelliginsje. Mei dit kennissintrum moat ynformaasje better dield wurde. Keunstmjittige yntelliginsje kin ynset wurde yn de sûnenssoarch, wettersektor en enerzjybrânsj. Ek rjochtet it sintrum him op it ûntwikkeljen fan in rappe kompjûter dy't hjirby ynset wurde kin.
Yn de Artificial Intelligence-hub sille ferskate organisaasjes gearwurkje. It giet ûnder oare om hegeskoallen NHL Stenden en Van Hall Larenstein, Innovatie Cluster Drachten en de Ryksuniversiteit Grins.