Wetterskip slút Suderpier yn Harns ôf foar grut ûnderhâld

De Suderpier yn Harns is de kommende twa wiken ticht foar kuierders en fytsers tusken acht oere moarns en fjouwer oere middeis. Wetterskip Fryslân sil nije stienslach oanbringe oan de Waadseekant fan de pier, om foar te kommen dat it fine grint fuortspielt.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Bernard Visser fan Wetterskip Fryslân is behearder fan de primêre kearing en ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de Suderpier. "De Suderpier is in ferlingstuk en tsjinnet as beskerming fan de haven fan Harns", leit Visser út. "De pier fangt de golfslach op, sadat skippen rêstich lade en losse kinne yn de haven. Yn de maitiid ynspektearje wy de diken en pieren en sjogge wy wat de skea fan de stoarmen yn de hjerst en de winter is. Dat binne fisuele ynspeksjes. Wy rinne en fytse it hiele stik ôf en beslute dan hokker ûnderhâld der nedich is."
De Suderpier wie ien fan de kearingsûnderdielen dy't oan ûnderhâld ta wie. "De stienslach tusken de basaltstiennen is sa fier fuortspield dat it wer oanfolle wurde moat", wiist Visser. "Alle jierren binne wy hjir mei dwaande om de basaltgloaiïng te ûnderhâlden."
Bernard Visser fan it Wetterskip leit út wat der krekt barre sil
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
In grut sket hâldt kuierders en fytsters tsjin om de Suderpier op te gean. "Wy bringe nij soart stienslach oan", fertelt Visser. "Wy wolle foarkomme dat de basaltblokken begjinne te rammeljen. Wy wurkje mei basaltstienslach fan 16 oant 32 milimeter. Us ûnderfining is dat in finere stienslach frij rap útspielt, fandêr in wat gruttere stienslach. Sa wolle wy besykje om minder faak ûnderhâld út te fieren hjir by de Suderpier."
In grutte kraan sil de nije stienslach oer de Suderpier struie. Ofhinklik fan it waar sil it wurk sa'n twa wiken duorje. "Mar it kin best wêze dat wy earder klear binne", seit Visser.
In stikje kuierje oer de Suderpier