Kollum: "In echte krimineel"

"Myn wurk leit stil. Lockdown. Jo moatte dochs wat, dus ik freegje in freondinne oft se meigiet te kuierjen. Ast it midden sikest tusken Drachtsterkompenije en Amsterdam, dêr't sy wennet, dan komst ûngefear út op 'e Veluwe. Dus wy prate ôf by Epe.
© Janneke de Haan
De toan fan Janneke de Haan
Op mooisteroutes.nl ha wy in rûte kocht. Dat is in geweldige webside mei detaillearre rûten. Dat betsjut net de pealtsjes folgje, mar in pear A4'kes; beskriuwingen dy't meastentiids sizze fan: 'neem het kleine éénmanspaadje aan je rechterhand waarvan je denkt, is dat wel een paadje?'. Spoarsikerke, sis mar.
Dave en Eddy, ús hûnen, binne ek mei. Se hawwe in spesjaal rintúchje oan. Meastal hawwe we se oan 'e line, want se meie net oeral los rinne. No stean Dave en Eddy, sa't se dat sa moai sizze, ûnder 'appel' en bliuwe se altyd by my yn 'e buert. Dus faak, as der gjinien te sjen is, goaie wy se efkes los. Drave is harren hobby. En dêrby gean se net achter oare bisten oan. Oars die ik it fansels net.
Myn freondinne en ik hawwe hearlike petearen oer dy gekke Amerikanen mei Trump tsjin Biden, de lockdown dy't nochal wat betsjut foar ús libbens, oer mindfulness en omgean mei tsjinslaggen en ús winsken foar de takomst. Hielendal zen kuierje we troch heide en bosk en by huzen del dêr't wy ús fan ôffreegje wa't dat yn fredesnamme betelje kinne?!
We rinne in smel boskpaadsje yn en litte de hûnen efkes los. Wat is it hjir prachtich en wat in rêst. Mar dan wurdt de rêst rûch fersteurd. Piipjende bannen en op noch gjin twa meter bliuwt in grutte auto stean. Fuortendaliks stapt der in nochal lilk eagjende frou út. Se raast: "Waarom zijn die honden los?! Jullie weten best dat dat hier niet mag!" Noch foardat ik antwurdzje wol dat wy hjir net weikomme, giet se fierder mei in útiensetting dat de 'maat vol is', dat se it hielendal hân hat mei 'die brutale recreanten' yn tiden fan corona. Se hellet har bonboekje ut 'e auto en begjint my as in echte krimineel te ûnderfreegjen en te wizen op myn rjochten. Ik stammerje noch, 'Een waarschuwing?' Mar neat wol helpe.
Ik besykje har út te lizzen dat we in rûte folgje dy't as in puzel sa dreech is, dat we mei ús snút yn it papierke mei oanwizingen sieten en dêrtroch gjin buordsje sjoen hawwe. Mar it iennige dat se docht, is driftich yn har bonboekje skriuwe en sa no en dan wat lilke wurden roppe. Op in stuit tink ik: dyn maat is fol, mar dy fan my no ek. Ik fiel stadichoan de krêft wer yn my nei boppen streamen en sis: "Geef me de boete nou maar, dan kunnen we verder. We laten onze dag hierdoor niet verpesten."
Dat fielde goed. Har toan feroaret en se jout ús ien yn stee fan twa boetes. Se set ôf en wy rinne fierder. We sjogge inoar oan en moatte daliks laitsje. Wat is ús no krekt oerkaam? We beslute it der net mear oer te hawwen, mar myn freondinne en ik, softies dat we binne, reitsje der net mear oer útpraat. Drok fantasearje we oer wat we oars dwaan kind hiene.
Lokkich barde dit oan de ein fan 'e kuier. Ik beslút myn dei der net troch fergrieme te litten. It losrinnen is foar my wichtiger as ienris yn de safolle jier in boete. Dan mar efkes as in echte krimineel oanhâlden wurde. Ha wy dat ek ris meimakke.