Liveblog | 9 novimber 2020

Coronanijs 9 novimber: Takom wike mear dúdlikheid oer eveneminten en krystdagen

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 9 novimber 2020, 22:55
22:54

Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog ôf. It belangrykste nijs fan hjoed noch op in rige:
Al it nijs oer it firus is te finen op omropfryslan.nl/corona. Moarnier in nij liveblog!
22:45

Noch gjin dúdlikheid oer krystdagen

It is noch ûnwis mei hoefolle minsken oft men dit jier de krystdagen fiere mei. Dat ha minister Grapperhaus en de boargemasters fan de 25 feilichheidsregio's moandei ferteld nei de wyklikse gearkomste. Takom wike hoopje se wat fertelle te kinnen oer wat wol en net kin yn desimber. "Het zal in elk geval niet de kerst of oud en nieuw zijn, zoals we die van vorig jaar kennen", seit boargemaster Hubert Bruls fan Nijmegen. "Hoe dan ook ziet de kerst er anders uit dan andere jaren", fertelt de minister.
22:23

Beslút oer 'proeftunen' evenemintebrânsj

It kabinet beslút takom wike oft it plan trochgean kin om yn de kultuer- en evenemintebrânsj dochs feilich eveneminten te organisearjen yn coronatiid. Dat sei steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken moandei nei oerlis mei de feilichheidsregio's. Den Haag wachtet noch op in advys fan it RIVM.
"Wij zijn op zoek naar hoe je op een veilige manier wél iets kunt organiseren. Ik ben hoopvol gestemd dat de proeftuinen er komen. Dat is goed voor de ondernemers en ook voor de Nederlandse bevolking", sei Keijzer.
De boargemasters fan de 25 feilichheidsregio's binne posityf oer it plan. "Het is goed om een aantal zaken getest te hebben. De vraag is alleen of het verstandig is om het nu te doen, nu de besmettingscijfers nog best fors zijn. Maar het moment om te gaan testen moet je wel een keer pakken."
20:57

Mei in wurkjouwer de wurknimmers thús yn de gaten hâlde?

It is in dilemma foar guon wurkjouwers: hoe witte je oft wurknimmers dy't thúswurkje wol echt genôch tiid oan harren wurk besteegje? Guon wurkjouwers gripe dêrom no nei digitale technology om op ôfstân te sjen watsto thús allegearre dochst. Mar yn in soad gefallen mei dat hielendal net, leit Henk van der Ee fan de MKB Cybercampus yn Ljouwert út.
20:29

Hoe goed is it nijs oer in faksin?

It is in geweldige dei foar de wittenskip en foar de minskheid. Dat seit it farmasybedriuw Pfizer nei de lêste resultaten by de ûntwikkeling fan in faksin tsjin covid-19. It faksin blykt yn 90 prosint fan de gefallen effektyf. By de NOS ha guon wittenskippers noch wol kanttekeningen by it nijs. "Op de korte termijn lijkt dit vaccin te kunnen beschermen, maar uiteindelijk gaat het erom dat het vaccin bescherming biedt voor zeker een half jaar, zo niet langer", seit Anke Huckriede bygelyks. Sy is heechlearaar faksinology oan de Ryksuniversiteit fan Grins. "Of dat met dit vaccin het geval is, moeten we nog even afwachten. Niettemin, de data zijn erg hoopgevend."
19:57

Gjin lampionne-optocht of Sinteklaasyntocht yn Kollum

De lampionne-optocht mei Sint-Marten en de yntocht fan Sinteklaas yn Kollum geane dit jier net troch. Dat skriuwt Beleef Kollum op de eigen Facebookpagina. Oant ferline wike ha se sjoen nei mooglikheden om it dochs te organisearjen, mar nei oerlis mei de gemeente giet der dochs in streek troch. Omlizzende doarpen hiene it earder al skrast.