Coronanijs 9 novimber: Takom wike mear dúdlikheid oer eveneminten en krystdagen

09 nov 2020 - 22:55
  • It RIVM meldt moandei 73 nije besmettingen mei it coronafirus, twa minder as snein;
  • It tal nije coronabesmettingen liket stabyl: yn Fryslân skommele it de ôfrûne fiif dagen tusken de 70 en 95;
  • Der lizze 20 coronapasjinten op de Fryske IC's, en 38 minsken mei COVID-19 lizze op gewoane sikehûsbêden;
  • It kabinet wol in folsein fjoerwurkferbod foar de kommende jierwiksel, om te foarkommen dat der ekstra druk op de soarch komt;
  • De ynternasjonale militêre oefening Frisian Flag kin yn 2021 opnij net trochgean;
  • Al it nijs oer it firus is te finen op omropfryslan.nl/corona.
22:54
Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog ôf. It belangrykste nijs fan hjoed noch op in rige:

  • It RIVM meldt hjoed yn Fryslân 73 nije besmettingen, dat is stabyl en yn line mei de ôfrûne fiif dagen;
  • It farmasybedriuw Pfizer hat nei eigen sizzen in faksin dat foar njoggentich persint effektyf is yn it foarkommen fan covid-19;
  • It kabinet wol in ferbod op fjoerwurk, om sa soarchmeiwurkers en sikehûzen net ekstra drokte te besoargjen mei âld en nij;
  • Kommende wike komt der mear dúdlikheid oer eventuele romte foar eveneminten en wat de mooglikheden binne mei de krystdagen;
  • De ynternasjonale militêre oefening Frisian Flag giet yn 2021 opnij net troch.

Al it nijs oer it firus is te finen op omropfryslan.nl/corona. Moarnier in nij liveblog!

22:45
Noch gjin dúdlikheid oer krystdagen

It is noch ûnwis mei hoefolle minsken oft men dit jier de krystdagen fiere mei. Dat ha minister Grapperhaus en de boargemasters fan de 25 feilichheidsregio's moandei ferteld nei de wyklikse gearkomste. Takom wike hoopje se wat fertelle te kinnen oer wat wol en net kin yn desimber. "Het zal in elk geval niet de kerst of oud en nieuw zijn, zoals we die van vorig jaar kennen", seit boargemaster Hubert Bruls fan Nijmegen. "Hoe dan ook ziet de kerst er anders uit dan andere jaren", fertelt de minister.

22:23
Beslút oer 'proeftunen' evenemintebrânsj

It kabinet beslút takom wike oft it plan trochgean kin om yn de kultuer- en evenemintebrânsj dochs feilich eveneminten te organisearjen yn coronatiid. Dat sei steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken moandei nei oerlis mei de feilichheidsregio's. Den Haag wachtet noch op in advys fan it RIVM.

"Wij zijn op zoek naar hoe je op een veilige manier wél iets kunt organiseren. Ik ben hoopvol gestemd dat de proeftuinen er komen. Dat is goed voor de ondernemers en ook voor de Nederlandse bevolking", sei Keijzer.

De boargemasters fan de 25 feilichheidsregio's binne posityf oer it plan. "Het is goed om een aantal zaken getest te hebben. De vraag is alleen of het verstandig is om het nu te doen, nu de besmettingscijfers nog best fors zijn. Maar het moment om te gaan testen moet je wel een keer pakken."

20:57
Mei in wurkjouwer de wurknimmers thús yn de gaten hâlde?

It is in dilemma foar guon wurkjouwers: hoe witte je oft wurknimmers dy't thúswurkje wol echt genôch tiid oan harren wurk besteegje? Guon wurkjouwers gripe dêrom no nei digitale technology om op ôfstân te sjen watsto thús allegearre dochst. Mar yn in soad gefallen mei dat hielendal net, leit Henk van der Ee fan de MKB Cybercampus yn Ljouwert út.

20:29
Hoe goed is it nijs oer in faksin?

It is in geweldige dei foar de wittenskip en foar de minskheid. Dat seit it farmasybedriuw Pfizer nei de lêste resultaten by de ûntwikkeling fan in faksin tsjin covid-19. It faksin blykt yn 90 prosint fan de gefallen effektyf. By de NOS ha guon wittenskippers noch wol kanttekeningen by it nijs. "Op de korte termijn lijkt dit vaccin te kunnen beschermen, maar uiteindelijk gaat het erom dat het vaccin bescherming biedt voor zeker een half jaar, zo niet langer", seit Anke Huckriede bygelyks. Sy is heechlearaar faksinology oan de Ryksuniversiteit fan Grins. "Of dat met dit vaccin het geval is, moeten we nog even afwachten. Niettemin, de data zijn erg hoopgevend."

19:57
Gjin lampionne-optocht of Sinteklaasyntocht yn Kollum

De lampionne-optocht mei Sint-Marten en de yntocht fan Sinteklaas yn Kollum geane dit jier net troch. Dat skriuwt Beleef Kollum op de eigen Facebookpagina. Oant ferline wike ha se sjoen nei mooglikheden om it dochs te organisearjen, mar nei oerlis mei de gemeente giet der dochs in streek troch. Omlizzende doarpen hiene it earder al skrast.

18:34
Kuipers bliid
Ernst Kuipers - Foto: ANP

Ernst Kuipers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding is wiis mei de lêste besmettingssifers: lanlik hjoed wer 987 minder as juster. "Dat is om te beginnen goed nieuws voor al die uitgestelde zorg", seit Kuipers. "Dat kunnen we niet allemaal vandaag al inplannen, maar volgend op de ontwikkelingen van de nieuwe besmettingen weet je dat je daar weer ruimte voor kunt maken."

As de line sa trochgiet, hoege de ferskerpe maatregels ek net langer as twa wiken te duorjen, tinkt Kuipers.

17:29
VNO-NCW wol oardel meter oerstallich meitsje

Troch massaal te testen op corona, de oardelmeterregel oerstallich meitsje. Dat wol wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW yn Nederlân. Se ha in plan dat 2021 behelle wêze kin. It coronafirus soe dan mei 85 prosint weromdreaun wêze moatte.

Sjoerd Galema

"Dit is eins in bytsje útfiering jaan oan de nije mooglikheden mei sneltesten", fertelt Sjoerd Galema, foarsitter fan it Fryske regiobestjoer fan de VNO-NCW. Neffens Galema binne de kosten net al te heech. "In test kostet no elts gefal boppe de hûndert euro, it nije testmateriaal sit tusken de fiif en tsien euro."

Neffens Galema is it net de optimale oplossing, mar kin it wol helpe. "It bêste plan is úteinlik faksinaasje, mar salang't dat der net is, is dit in moaie wize om wer wat mear mobiliteit yn de mienskip mooglik te meitsjen."

16:17
Gezondheidsraad komt nije wike mei advys oer faksin

De Gezondheidsraad komt nei alle gedachten nije wike mei in foarriedich advys oan it kabinet oer hoe't omgean wurde moat mei in faksin tsjin it coronafirus. Sa'n advys is nedich, omdat it faksin nei alle gedachten net fuort foar elkenien beskikber wêze sil. De Gezondheidsraad sjocht dêrom hoe't "maximaal gezondheidswinst" helle wurde kin.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)