Noardeast-Fryslân nûget toeristen digitaal út mei fideokampanje

09 nov 2020 - 07:05

De fjouwerhûndert toeristyske ûndernimmers en hoareka-ûndernimmers fan de stichting Regiomarketing Toerisme Noardeast-Fryslân lansearje moandeitejûn in nije fideokampanje. Se dogge dat fanwege corona digitaal, mei in 'húskeamerfestival'. Yn stee fan lânskomme, kin elkenien mei de fideokampanje yn de eigen húskeamer genietsje fan it lânskip fan Noardeast-Fryslân.

Esonstêd - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Liesbeth Schievink is fan de stichting Regiomarketing Toerisme Noardeast-Fryslân en leit út wat minsken ferwachtsje kinne fan de fideokampanje. "We hebben vorig jaar onszelf omgedoopt tot 'Land in Friesland', een land waar je alles vindt: veen, weide, water, bos en een prachtig coulissenlandschap. Daar waren we afgelopen jaar al heel druk mee bezig. En toen kwam corona. In het voorjaar dachten we: als mensen door corona niet bij ons kunnen komen, dan brengen we Noardeast-Fryslân bij hun."

Fakânsje tichtby

Schievink krijt in soad lûden fan minsken dy't gewoanwei nei lannen fier fuort op fakânsje gean, mar no tichtby in fakânsjeplakje sykje. "We richten ons met deze campagne op mensen die in de drukkere gebieden van Nederland wonen en op zoek zijn naar rust." Doel is net om fuortendaliks de Rânestêd nei Noardeast-Fryslân te heljen. "We willen mensen niet per se nu aansporen om deze kant op te komen", seit Schievink mei klam. "Maar ze kunnen nu vanuit hun eigen woonkamer wel een stukje van ons mooie landschap beleven, ook al kunnen ze hier niet naartoe komen."

Liesbeth Schievink oer de fideokampanje

(Advertinsje)
(Advertinsje)