Saakkundige warskôget Wetterskip: "Kades mei granulyt kinne minder stabyl wurde"

Wetterskip Fryslân moat kades dy't fersterke binne mei de kontroversjele grûnstof granulyt skerp yn de gaten hâlde. Dat seit miljeugemikus Joop Harmsen fan de universiteit fan Wageningen.
Miljeugemikus Joop Harmsen warskôget it wetterskip:
Miljeugemikus Joop Harmsen: "Wetterskip Fryslân moat de trije kades mei granulyt goed yn de gaten hâlde"
Wetterskip Fryslân hat tusken 2011 en 2016 trije boezemkades meitsje litten, wêrby't granulyt brûkt waard. It giet om de oever fan de Alde Rien tusken Snits en Easthim, om in flink stik fan de eastlike kade fan it kanaal nei It Hearrenfean by Akkrum en om de oever fan de Heafeart tusken De Deelen en Ulesprong. By it lêste projekt is 120.000 ton granulyt brûkt.
© Omrop Fryslân
Granulyt kaam earder dit jier negatyf yn it nijs, omdat it byinoar hâlden wurdt troch in bynmiddel dat mooglik belêstend is foar it miljeu. Granulyt hat neffens Harmsen noch in oar risiko: As it bynmiddel nei ferrin fan tiid ôfbrekt, bestiet de kâns dat de mei granulyt fersterke kades minder stabyl wurde. "Het stofje kan gaan afbreken, waardoor de structuur achteruit gaat", tinkt de miljeugemikus. Harmsen fynt it brûken fan granulyt foar it fersterkjen fan boezemkades dêrom gjin goed idee.

"Als een kade in elkaar zakt krijgen mensen natte voeten"

"We weten niet hoe granuliet zich in de toekomst gaat gedragen en of het wel toegepast kan worden in een kade", seit Harmsen. It guod waard yn 2008 sertifisearre as grûn, mar neffens Harmsen is it hielendal gjin grûn. It giet om grús fan granyt, dêr't flocculant oan taheakke is as bynmiddel. It is foar Harmsen lestich om yn te skatten hoe geskikt oft granulyt is as ûnderlaach fan in kade. "Wetterskip Fryslân doet er in mijn ogen verstandig aan om dit regelmatig te monitoren. Het gaat dan zowel om het milieuaspect als om het veiligheidsaspect. Als een kade in elkaar zakt krijgen mensen natte voeten."
Miljeugemikus Joop Harmsen © Omrop Fryslân
Miljeugemikus Joop Harmsen oer it brûken fan granulyt troch it Wetterskip
Yn de Betuwe is de lêste jierren in soad protest tsjin it stoarten fan granulyt yn in earder sânwingebiet. It guod is dêr stoart yn in mar om dy minder djip te meitsjen, ta grutte argewaasje fan omwenners. Yn dy mar by it plakje Dreumel yn Gelderlân kaam it guod direkt yn kontakt mei it wetter, dat dêrtroch fuortendaliks ferkleure. De omwenners en ek de gemeente meitsje har bot soargen oer de neidielige effekten foar it miljeu. Dêr rint op dit stuit in ûndersyk nei it mooglik frijkommen fan acrylamide, in kankerferwekkende stof. De resultaten fan dat ûndersyk wurde yn jannewaris takommend jier ferwachte.
TV-programma Zembla makke earder dit jier in twadielige dokumintêre oer dizze 'ôffaldump troch Rykswettersteat'. Foar de PvdA-fraksjes op It Hearrenfean en yn it bestjoer fan Wetterskip Fryslân wie dat reden foar krityske fragen oer it brûken fan granulyt troch it wetterskip.
Bestjoerder Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân tocht yn earste ynstânsje dat it granulyt dat yn Fryslân brûkt is fan in oare boarne komt as it granulyt yn Gelderlân, mar is dêr nei neiere stúdzje op weromkommen. It giet yn beide gefallen om granulyt út in grut depot yn Amsterdam. It spul is in restprodukt dat ûntstiet nei it brekken fan granyt foar de produksje fan asfalt. Troch dêr wetter mei flocculant oan ta te heakjen wurdt it in liemeftich guod, dat struktuer krigen hat.
De Heafeart tusken De Tynje en Ulesprong © Omrop Fryslân
Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân
It granulyt is Wetterskip Fryslân oanbean ûnder de namme 'Noords leem', troch de oannimmer dy't de kades by Easthim, Akkrum en De Ulesprong fersterke. "Het spul laat geen water door, is goedkoper dan Friese klei en was voorzien van een certificaat. We hadden daarom geen reden om het niet te gebruiken, maar na alle discussies van de laatste tijd hebben we besloten om dat niet meer te doen." Van Weperen heakket der oan ta dat it Wetterskip nea materiaal brûke sil dêr't de wetterkwaliteit mooglik fan te lijen hat. "Waterkwaliteit staat bij ons hoog in het vaandel."
Van Weperen tinkt dat it mei de miljeuskea wol in slach tafalle sil yn Fryslân, omdat it guod hjir goed ynpakt is yn klaai en ierde en net direkt yn kontakt stiet mei it oerflaktewetter. "We hebben het afgedekt met een flinke hoeveelheid klei, met daarboven ook nog normale aarde." Oer de stabiliteit fan de kades dêr't granulyt ûnder leit sit de bestjoerder dan ek net yn noed. "Het is nog niet waargenomen dat dat flocculant afbreekt", seit Van Weperen. "Mocht het zo zijn, in een theoretisch geval, dat het bindmiddel afbreekt, dan blijft het granuliet gewoon liggen."
It kanaal tusken Akkrum en It Hearrenfean by Nije Skou. By it fersterkjen fan de kade is granulyt brûkt. © Omrop Fryslân