FIDEO: Jennifer stimde út Ljouwert op Biden, en is 'over the moon' mei de útslach

It sil net in soad minsken ûntgien wêze dat yn Amearika in nije presidint keazen is. Dat jildt absolút foar de 'Amerikaanske Ljouwerter' Jennifer Penn. Sy hat it allegearre út har húskeamer wei op telefyzje folge en is 'over the moon' mei de ferkiezing fan Joe Biden, en seker ek mei Kamala Harris as 'vice-president elect'.
As we har freegje werom te sjen nei it momint dat Biden en Harris yn de nacht fan sneon op snein de minsken tasprutsen, wurdt se emosjoneel.
Jennifer Penn is 'over the moon' oer de ferkiezingsútslach yn Amerika
Penn hat út Ljouwert wei op Biden en Harris stimd. Sy hat wat mei twa fan de saneamde 'swing states' dy't yn 2016 noch foar Trump wienen en no foar Biden, seit se. "Ik ben in Pennsylvania geboren, en opgegroeid in Arizona."
It docht har in soad dat Harris it as ymmigrantedochter sa fier skopt hat. "Het glazen plafond is gebroken en niet alleen voor Amerikaanse vrouwen." Der komme in pear famkes yn byld op de telefyzje en Penn wiist dernei. "Deze meisjes zien zichzelf terug in haar, maar ook vrouwen in de hele wereld."