Abe Lenstra stadion fol teddybearen smyt KiKa 3 ton op

08 nov 2020 - 19:29

De ferkeap fan de 15.000 teddybearen dy't yn it Abe Lenstra stadion sieten doe't Hearrenfean tsjin Emmen spile, hat KiKa goed 300.000 euro opsmiten. Dizze sinten sille bestedige wurde oan ûndersyk foar bern mei kanker. De aksje krige sels ynternasjonale oandacht fanút ûnder oaren de Feriene Steaten (CNN), Meksiko, Spanje, Dútslân en Yndonezië.

De aksje wie op tou set troch MSD, in bedriuw dat yn genêsmiddels sit, SC Hearrenfean en Stichting Kinderen Kankervrij (KiKa). Sy betochten dizze aksje om't guon aksjes foar it goede doel net plakfine koenen mei reden de coronacrisis.

De 15.000 bearen dy't yn it stadion sieten, wienen binnen in dei allegearre ferkocht, de dagen dêrnei nochris 4000 bearen. Ien fan de bearen wie sinjearre troch ûnder oaren Ruud Gullit en Marco van Basten: dizze bear smiet 1.300 euro op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)