Hearrenfean belibbet minne middei en ferliest kânsleas fan AZ

SC Hearrenfean hat de thúswedstriid tsjin AZ mei romme sifers ferlern. De ploech fan Johnny Jansen wie net in momint by steat om de besikers út Alkmaar switte te litten. Hearrenfean stapt dan ek mei dúdlike sifers fan it fjild: 0-3. Dêrmei ferliest Hearrenfean foar it earst dit seizoen yn it Abe Lenstra stadion.
© www.orange-pictures.nl
De earste helte begûn fuort mei twa grutte kansen foar AZ. De besikers besochten fia Dani de Wit en Owen Wijndal de 0-1 te meitsjen, mar slaggen dêr net yn. Nei in lyts kertier koe de earste kâns foar Hearrenfean notearre wurde, mar Mitchell van Bergen joech de bal nei in goede stekpass min foar wêrtroch't er net by Henk Veerman bedarre. Fanút de rebound skeat Benjamin Nygren de bal heech oer.
Nei in healoere dêr't AZ de better ploech yn wie, skoarden de besikers út Alkmaar. Nei in scrimmage dy't ûntstie nei in folly fan Calvin Stengs makke Jan Paul van Hecke ûngelokkich hands en de skiedsrjochter lei de bal op de stip. Spesjalist Teun Koopmeiners skeat de bal hurd efter Mulder.
Krekt foar rêst makke Albert Gudmundsson, dy't in ferline hat yn de jeugd by de Feansters, de 0-2 nei in goede oanfal fan AZ.
De beide ploegen stienen nei rêst noch gjin fiif minuten op it fjild of Jesper Karlsson, dy't by Hearrenfean op it transferlistje stie, makke dien wurk. In drûge skower yn de koarte hoeke wie Erwin Mulder de baas.
Dêrnei wie it gif út de wedstriid. AZ spile trije dagen earder noch yn de Europa League en fûn 0-3 wol bêst, Hearrenfean wie net by steat om noch in doelpunt te meitsjen, al wie it oan de ein fan de wedstriid noch wol tichteby fia Van Bergen: syn skot einige op de peal.
SC Hearrenfean - AZ: '29/p Teun Koopmeiners, 0-1, '41 Lucas Woudenberg, 0-2, '47, Jesper Karlsson, 0-3
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Woudenberg, Van Hecke, Bochniewicz, Floranus; Kongolo, J. Veerman (88/Hajal), Batista Meier (65/Dewaele); Nygren (76/Dresevic), H. Veerman (88/Smit), Van Bergen.