Plysje: Eksplosive stof oantroffen yn De Trieme, bewenner (50) noch net sprutsen

08 nov 2020 - 20:27

De plysje hat de hiele dei ûndersyk dien yn in wenning yn De Trieme, dêr't earder op de dei in eksploazje wie. De bewenner (50) rekke dêrby ferwûne. Dat meldt de plysje. Jûns om acht oere hinne is de wenning wer frijjûn.

EOD en technyske rezjerzje ûndersykje eksploazje De Trieme

Yn de wenning is in eksplosive stof fûn. Neffens de plysje giet it om "een kleine hoeveelheid". Dy wurdt op in oar plak ûnskeadlik makke.

It is noch net dúdlik wêrom't de man it guod yn 'e hûs hie, en ek net wat de oarsaak fan de eksploazje wie. De eksplosive-oprommingstsjinst EOD fan Definsje hat mei de technyske resjerzje ûndersyk dien.

It slachtoffer leit yn it sikehûs. Plysjes ha noch net mei him prate kind. Oer syn tastân is fierder neat bekend.

Foto: CAMJO Media
Trefwurden: 
plysje eksploazje EOD De Trieme
(Advertinsje)
(Advertinsje)