Brân by wurksumheden op skip yn Harns
Yn Harns is in brân ûntstien op in skip dêr't oan wurke waard. It skip lei oan de Kanaalwei yn de stêd. Dêr kaam in protte reek by frij. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. It liket derop dat der net ien ferwûne rekke is by de brân.