Noppert en Van Gerwen ferlieze fan Dútsers yn kwartfinale fan wrâldbeker darten

De Fryske darter Danny Noppert is mei Michael van Gerwen net fierder kaam as de kwartfinale fan de World Cup of Darts. Dútslân wûn de beslissende wedstriid mei 4-3.
© www.orange-pictures.nl
Yn in saneamde 'koppelwedstriid' namen Noppert en Van Gerwen it op tsjin Gabriel Clemens en Max Hopp, neidat de yndividuele striid einige yn 1-1. Noppert ferlear syn partij tsjin Clemens mei 4-3, mar Van Gerwen koe Hopp ynpakke mei 4-1.
De einstriid wie like spannend as wat. Mei in stân fan 3-3 wie de lêste leg bepalend. Clemens rekke de dûbeld-10 mei de lêste pylk dy't er yn de hân hie, en dêrmei wie de striid dien foar de Nederlanners.
It wie snein oan it begjin fan de middei noch net dúdlik oft de wedstriid spile wurde koe, omdat Van Gerwen in probleem hie oan de rêch. In dokter hat besjoen hoe slim oft de sitewaasje wie. As Van Gerwen net fierder kind hie, soe Nederlân út it toernoai helle wêze.
De World Cup of Darts wurdt dit jier yn Salzburg hâlden, yn Eastenryk. Der dogge 32 lannen mei, dy't elk twa spilers leverje. Sy spylje inkeld- en dûbeldpartijen. De regearjend kampioen fan de World Cup is Skotlân, dat ferline jier mei Gary Anderson en Peter Wright de titel pakte.