Kultuerûndernimmer min te sprekken oer coronamaatregels: "It is beskamsum"

08 nov 2020 - 16:25

Kultuer-ûndernimmer Anke Bijlsma fan de Teätertsjerke yn Nes is tige min te sprekken oer de nijste coronamaatregels. "It is beskamsum hoe't der op 't heden mei de kultuer omgien wurdt", seit se.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Anke Bijlsma oer de kultuer yn coronatiid

"Alle poadia yn de doarpen steane mei de programma's op slot. Skande is dat, want it is ús humus. Dàt is de basis dêr't we it fan ha moatte en der bart neat. En ast dan hearst dat de sport trochgean moat om't it in wichtige 'útlitklep' foar in soad minsken neamd wurdt, dan tink ik: en de kultuer dan?" Neffens Bijlsma is de kultuer der net yn slagge om goeie lobby op te setten.

Bijlsma die har útspraken yn it radioprogramma Buro de Vries. Dêryn fernuvere se har ek oer de gong fan saken by muzykskoalle De Wâldsang. "Dat de finansiering fan De Wâldsang stopset wurdt yn dizze tiid, dat is dochs ek beskamsum? Dêr sit de jeugd en dêr moatte we it fan ha. Sa'n sluting moat ferdoarje dochs net kinne? En soks allegear ek noch koart nei it Kulturele Haadstêdjier."

(Advertinsje)
(Advertinsje)