Hearrenfeantrainer Jansen hat soad oan Riemer, Foppe en Gertjan

Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean hat in soad oan Riemer van der Velde, Foppe de Haan en Gertjan Verbeek. Dat sei er yn in langer persoanlik petear mei de NOS. Dêryn komt ek de sûkersykte te praat dy't Jansen hat.
Johnny Jansen © Orange Pictures
"Riemer, Foppe en Gertjan hebben grote invloed op mij gehad. Passie brengen in je vak en veeleisend zijn naar je spelers, dat heb ik echt van hen geleerd. Ik heb er zelf onderdeel van uitgemaakt. Voor die mensen ging je door het vuur. Ik heb nog steeds veel contact met ze", fertelt Jansen.

Tankber

In soad trainers hiene it net altyd like maklik mei de ynfloed dy't Van der Velde en De Haan no noch altyd hawwe. Jansen is tankber foar de petearen mei de klupikoanen. Hy is it net altyd iens mei Van der Velde. Yn diskusjes wurde ideeën útwiksele en dy hat Van der Velde by it soad, seit Jansen. Soms tinkt de Hearrenfeantrainer fan no: hy hat gelyk en yn oare gefallen hâldt er fêst oan syn eigen miening.
Mei Foppe de Haan hat Jansen it faak oer yndividuele spilers. Wat hawwe se nedich om better te wurden? En Gertjan Verbeek kin hiel goed syn grinzen oanjaan. Mei him praat er meikoarten oer ferdigenjen. Hokker systemen binne der en hoe past dy ta?

Prate oer persoanlike dingen

Mei syn assistint Hennie Spijkerman praat Jansen faak. Oer fuotbal fansels, mar ek oer it libben. Spijkerman syn frou rekke noch net sa lang lyn wei, wylst Jansen in famke krigen hat.
"Het is heel dubbel, dat voelen we allebei enorm. Hier op de club zijn we bezig met voetbal. Maar er gebeuren zo veel dingen thuis, dat speelt altijd mee. Het is makkelijk om te zeggen: 'ik sluit me wel af'. Maar dat is niet zo."
"Samen zoeken we de balans, we staan dicht bij elkaar. Onze dochter is op 14 oktober geboren, ook de geboortedag van Hennie zijn vrouw. Dat is wel heel mooi eigenlijk."

Sûkersykte

Jansen spile sels ek by SC Hearrenfean. Hy kaam net fierder as ien wedstriid, yn 1995. Dêrnei besocht er it noch twa jier by Veendam, mar hy moast fuort omdat er sûkersykte hie.
"Ze zeiden: 'Johnny jij hebt suikerziekte en daar raak je altijd geblesseerd door'. Daar ben ik heel kwaad over geworden en daar heeft de dokter ook nog met de club over gepraat. Je kunt prima in het betaald voetbal spelen met suikerziekte."
"Ik was gewoon niet goed genoeg, alleen dat werd me niet verteld. Vervolgens kon ik hier bij Heerenveen trainer worden. Een makkelijke keuze, dat was wat ik wilde."