Oantal nije coronabesmettingen bliuwt stabyl: 75 nije gefallen fêststeld yn Fryslân

08 nov 2020 - 14:17

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 75 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It binne der sawat likefolle gefallen as de ôfrûne dagen. Sneon wiene der 77 nije besmettingen, en freed 87. Ôfrûne woansdei binne der ek 75 nije besmettingen fêststeld. Dat wie doe it leechste oantal sûnt 4 oktober (64).

Sjocht hjirûnder nei it deistige tal besmettingen fan de ôfrûne trije wiken (is de grafyk net goed te sjen, klik dan hjir).

De measte besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Dat giet om 23 gefallen. Yn Ljouwert binne 11 nije besmettingen fêststeld.

Earder sei boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân dat der gjin sprake wie fan klusters fan besmettingen, en dat de besmettingen ferspraat wiene oer de ferskillende leeftiidsgroepen. Yntusken is dúdlik dat de measte besmettingen yn dy gemeente konstatearre wurde by minsken fan 18 oant 30 jier, en by 70-plussers.

Yn hiel Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien persoan mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

Lanlik sjoen is it oantal nije coronagefallen behoarlik omleech gien. Der binne 5703 positive testen registrearre. Sneon melde it RIVM hast tûzen gefallen mear: 6677.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir)

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)