Plysje grypt yn by feesten yn Ljouwert en Snits

08 nov 2020 - 08:14

De plysje fan Ljouwert hat sneontenacht by in boppewente yn de Ljouwerter binnenstêd bekeurings útdield foar lûdsoerlêst en baldadigens.

Rotsoai op Oer de Kelders nei melding lûdsoerlêst fan mooglik in yllegaal feest - Foto: Plysje Ljouwert

Der wie in melding kaam oer lûdsoerlêst yn in boppewenning oan Oer de Kelders. Mooglik wie dêr in feest oan de gong, sa skriuwt de plysje.

Doe't de plysjes dêr oankamen, hearden se net allinnich lûde muzyk, mar der wie ek fan alles op strjitte smiten. Nei de bekeurings wie it gau dien mei 'it feest'.

Snits

Yn Snits waarden in dit wykein sân persoanen trappearre op it hâlden fan in yllegaal feest. Ek dêr kaam de plysje ôf op lûde muzyk, yn dit gefal yn in bedriuw oan de Lorentzstrjitte. Dêr wie in bar ynrjochte.

De feestfierders wiene sichtber dronken. It wie dreech om mei te wurkjen oan de kontrôle. Se woene earst it feest ek net beëinigje. Alle sân hawwe se in boete krige foar it skeinen fan de coronaregels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)