Liveblog | 8 novimber 2020

Coronanijs 8 novimber: Smoardrok op strân fan Harns, yn de rige by park Vijversburg

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 9 novimber 2020, 07:27
snein 8 novimber 2020
21:51

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog mei it Fryske coronanijs fan freed 6 novimber. We sette it belangryskte nijs fan hjoed noch ien kear op in rychje:
Moarn binne wy der wer mei in nij liveblog.
19:45

Op de IC stiet alles ûnder druk: De twadde golf fielt as déjà-vu

Op de intensive care stride dokters en pasjinten alle dagen om libben en dea. De deistige besmettingssifers binne dêr fan grutte betsjutting. Nei in rêstige simmer, wurdt it yn it hiele lân no wer drokker yn de sikehûzen. En de winter moat noch begjinne.
Minsken dy't op de IC wurkje, hâlde it hert fêst. "Dat het aantal besmettingen daalt is fijn, maar dat zien we helemaal niet terug in aantal ziekenhuisopnames", seit intensivist Anna Schut by RTV Rijnmond. "Er komen hier nog elke dag patiënten bij die ernstig ziek zijn en een plekje in het ziekenhuis nodig hebben. We zijn er nog lang niet."
Sjoch hjir nei in eksklusive reportaazje fan RTV Rijnmond yn it Ikazia-sikehûs fan Rotterdam.
18:13

"Nei de lockdown fan no bliuwe de coronaregels strang"

Nederlân moat rekken hâlde mei strangere coronaregels as fan 't simmer, ek as de lockdown fan no heal desimber ôfrûn is. Dat seit firolooch Menno de Jong by AT5. De Jong is lid fan it Outbreak Management Team dat it kabinet advisearret oer de maatregels.
'We moeten heel goed kijken naar wat wel en niet kan en niet zoals in de zomer alles maar weer loslaten. We moeten niet van sprint naar sprint gaan. We moeten er rekening mee houden dat het een marathon is. Bepaalde maatregelen zullen we moeten blijven hanteren, los van de basismaatregelen.'
De Jong tinkt dat it ûnder oare lang nedich bliuwt om thús te wurkjen.
16:12

"It is beskamsum hoe't der mei de kultuer omgien wurdt"

Kultuer-ûndernimmer Anke Bijlsma fan de Teätertsjerke yn Nes is tige min te sprekken oer de nijste coronamaatregels. Dat seit se yn it radoprogramma Buro de Vries. "It is beskamsum hoe't der op 't heden mei de kultuer omgien wurdt", seit se.
"Alle poadia yn de doarpen steane mei de programma's op slot. Skande is dat, want it is ús humus. Dàt is de basis dêr't we it fan ha moatte en der bart neat. En ast dan hearst dat de sport trochgean moat om't it in wichtige "útlaadklep" foar in soad minsken neamd wurdt, dan tink ik: en de kultuer dan?" Neffens Bijlsma is de kultuer der net yn slagge om goeie lobby op te setten.
15:17

Hûnderten minsken op it strân fan Harns

It is smoardrok op it stân fan Harns. Hûnderten minksen wolle mei it moaie waar in kuierke meitsje by de see del.
Drokte op strân fan Harns
14:21

Oantal nije coronabesmettingen bliuwt stabyl

De ôfrûne 24 oeren binne der 75 nije coronagefallen fêststeld yn Fryslân. Sneon wiene it noch 77 en freed 87.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir).