Jeugdjournaal oer fûgelgryp yn Fryslân: "It komt troch poep"

07 nov 2020 - 22:50

Wylst de Fryske feilichheidsregio him de holle noch brekt oer de fraach oft de fûgels dy't stoarn binne oan de fûgelgryp oprêden wurde moatte, of better lizzen bliuwe kinne, wurde der yn de Fryske natoergebieten hieltyd mear kadavers fûn. It giet benammen om guozzen en einen.

It Jeugdjournaal wie yn Hallum, mei Uulco Hoekstra fan it Fryske Gea.

Jeugdjournaal oer fûgelgryp yn Fryslân: "It komt troch poep"

Moandei praat de feilichheidsregio mei saakkundigen oer de fraach oft fûgels dy't stoarn binne oan it firus better lizzen bliuwe kinne, om sa it firus net fierder te fersprieden, of dat se opromme wurde moatte, sadat oare bisten gjin problemen krije as se yn de buert fan de kadavers komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)