Radiofrontsje út auto stellen

17 jul 2012 - 11:24

In 34-jierrige Ljouwerter is moandei oanholden foar stellerij. Doe't de soan fan in 57-jierrige man thúskaam, seach er by syn wenning oan de Havingastate in ûnbekende man yn de auto fan syn heit sitten. Hy warskôge de plysje en dy hat de man foar neier ûndersyk ynsletten.

Op it plysjeburo die bliken dat de fertochte it frontsje fan de autoradio yn 'e bûse hie. De heit hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
radiofrontsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)