Lokale supermerk is mear as in winkel allinnich: "We dogge in protte foar de mienskip"

07 nov 2020 - 20:00

Wat is de mearwearde fan de selsstannige winkel? Dy fraach krije klanten fan de supermerk yn it doarp Hallum foarlein. It is in aksje fan de brânsjferiening fan selsstannich winkellju. De feriening fernimt dat minsken net altyd it belang fan dizze winkellju beseffe.

NOCH Wearde lokale supermerk

"We fine it belangryk dat minsken witte dat it net allinnich om de boadskippen giet, mar dat we foar de mienskip in protte dogge. Sa as sponsoring, je sitte yn bestjoeren, wurkgelegenheid en sosjale kontakten", fertelt eigener fan de supermerk, Sybren Wip.

Ien fan de klanten lit witte dat hy de famyljesfear moai fynt, en dat se gjin nee te keap hawwe. In oar is bliid dat it doarp noch in supermerk hat en hopet dat dit sa bliuwt.

Reaksjes nei de polityk

It is de bedoeling om alle reaksjes fan klanten út it hiele lân oan de polityk oan te bieden om ek harren sjen te litten hokker rôle dizze winkellju yn in mienskip hawwe. Neist wurdearring, roppe se ek op om de regeldruk te ferminderjen. "Der komme hieltyd mear regels by. Bytiden bin ik mear tiid kwyt achter de skermen om op papier alles foar elkoar te hawwen, as dat ik op de wurkflier bin."

Trefwurden: 
Hallum supermerk winkellju
(Advertinsje)
(Advertinsje)