Cambuurders sykje skuld ferlies by harrensels: "We verzuimen de 3-1 te maken"

Dêr't Cambuur sneontejûn lang op foarsprong stie en in oerwinning binnen like, wie it dochs Jong Ajax dat der mei de punten fan troch gie. It reden fan it 2-3 ferlies is neffens spits Robert Mühren dúdlik: "We verzuimen de 3-1 te maken."
Robert Mühren
"We waren niet constant genoeg in het spel", seit Mühren. "Ajax heeft drie momenten gehad dat ze beter waren, als ze dat niet hebben win je waarschijnlijk."
Mühren seach dat de Ajacieden stadichoan better yn de wedstriid kamen. "Na een uur hebben we de 3-1 niet gemaakt en worden zij wat gevaarlijker. Dan hoop je dat 'ie niet valt, maar zij hebben er wel de kwaliteiten voor."
Oer de wize wêrop't de Amsterdamske doelpunten foelen wie de spits ek net te sprekken. "Dat is enorm zuur, die eerste kan je weinig aan doen maar bij de 2-3 moeten we gewoon beter verdedigen. Ik denk dat het een één-op-één duel was, dan zeggen ze: 'die mag je niet verliezen', maar het gebeurt. Dat is zonde."

Moai foar de neutrale sjogger

Omdat beide ploegen oanfallend spilen, wie it wol in moaie wedstriid foar de neutrale sjogger, fynt ek oanfierder Mühren. "Ik denk dat dat vaak zo is tegen Ajax, omdat we beiden willen voetballen. We leggen beide de energie erin zoals het hoort, dat maakt het waarschijnlijk leuk om te kijken. Maar uiteindelijk kopen we er niks voor."
It duel tsjin koprinner Almere City fan nije wike moat no wûn wurde om de kopposysje yn sicht te hâlden, mar Mühren hat noch gjin noed. "Het is een lange race, geen sprint. Dus dat komt wel goed."
Trainer Henk de Jong
"Wy ha dit hielendal oan ús sels te witen natuerlik", seit trainer Henk de Jong. "Wy ha gewoan santich minuten hiel goed fuotballe en dan moat it 4-1 of 5-1 wêze. Dit is in top-Ajax, dan kinne je efterút dreaun wurde. We moasten in tal kear wikselje, dêr waard it ek net better fan."
De Jong seach by flagen goed fuotbal en Cambuur kaam dan ek ta hiel wat kânsen. "Dat is echt hiel knap, hoe we dêr ta kamen. Mar op in geven momint fernimst, do moatst de 3-1 meitsje oars giet it aansen omdraaien. Dan kinst wol mear ferdigeners ynbringe, mar dan komst noch fierder werom."

'Wy stiene net klear'

Foaral it lêste doelpunt is spitich, fynt De Jong. "Ik moat de corner noch weromsjen, mar neffens my stiene wy net klear. Dat mei net barre yn de njoggentichste minút, dat is skande."
De Jong hat ek noch gjin soargen oer de wedstriid tsjin Almere City. "Gewoan wer fuotbalje jonges, dit kin barre. Witst fantefoaren datst wedstriden ferlieze silst."