Leden Black Boys oer nei Snits Wyt Swart, mar de klups fusearje net

07 nov 2020 - 18:41

Op 1 jannewaris sille de leden fan fuotbalferiening Black Boys oer nei stedsgenoat Snits Wyt Swart, mar der is gjin sprake fan in fúzje. Black Boys wol nammentlik earst it 100-jierrich jubileum noch fiere, foar't de klup ferdwynt.

Foto: Black Boys

Foarsitter Jan Broersma

"Dat was de wens van de ledenvergadering vorig jaar al, door de medewerking van Sneek Wit Zwart is dat nu realiseerbaar", fertelt Black Boys-foarsitter Jan Broersma. Op 1 jannewaris 2021 sille de earste spilers al oer nei Snits Wyt Swart.

"De zaalvoetbalafdeling, daarvan hadden we de grootste in de gemeente, en het G-team gaan al vrij vlot onder de paraplu van Sneek Wit Zwart. De senioren blijven nog zelfstandig opereren tot het 100-jarig jubileum in 2024", seit Broersma.

De jongereinteams sille ek oer nei Snits Wyt Swart. De senioareteams bliuwe oant 2024 ûnder de namme Black Boys spyljen, mar sille harren wedstriden op de fjilden fan Snits Wyt Swart ôfwurkje.

Swiere finansjele sitewaasje

De klup hie al jierren gjin kantine mear, en krige dus net folle jild binnen. "Dan gaat het langzaamaan minder, en de buren van Waterpoort Boys hebben ook nog eens een alleenrecht op reclameborden. Dan kun je het wel uittekenen."

"De toekomst ziet er nu goed uit", seit Broersma. "Als het zo was gebleven, had het een kwestie van een paar maanden geweest. Nu halen we in ieder geval het honderdjarig jubileum."

(Advertinsje)
(Advertinsje)